Webstee EBLT yn de loft
Publisearre op 21 maart 2012
Fan 21 maart ôf is it webstee fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) yn de loft. It EBLT wie earder ûnderdiel fan de Europeeske koepelorganisaasje EBLUL en hie sadwaande in plak op harren webstee. Sûnt 2010 bestiet dy koepelorganisaasje net mear. De leden fan it EBLT hawwe besletten dat it EBLT him oanslute sil by de Europeeske organisaasje Network to Promote Linguisitc Diversity (NPLD) en dat it EBLT trochgiet mei har wurk op nasjonaal en provinsjaal nivo. Dêrfoar is it nedich, dat der in nij logo en in webstee komme. Beide binne no sichtber op www.eblt.nl
It EBLT bestiet út fertsjintwurdigers fan 21 organisaasjes dy’t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk en it Nedersaksysk. Dit binne twa fan de talen dêr’t Nederlân ferplichtings hat tsjinoer de ynternasjonale mienskip, nei it yn wurking kommen (1998) fan it Europeesk Hânfêst foar regionale of minderheidstalen (Europees Handvest voor streektalen of talen van minderheden) fan de Rie fan Europa.
It EBLT soarget foar de promoasje en beskerming fan it Frysk en Nedersaksysk yn Nederlân en yn de Europeeske Uny (EU), de Rie fan Europa en harren ynstellingen. Hjirfoar wurdt wetlike en politike stipe socht op Europeesk, nasjonaal en provinsjaal nivo.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Literatuer,Nijs
Yn de kommende ‘Moanne’ stean wy wiidweidich stil by it ferstjerren fan Trinus Riemersma, grut skriuwer, oprjochter fan de Koperative Utjouwerij en âld-redakteur fan Trotwaer. [...]
Kategory: Nijs
Tot 31 oktober aanstaande kan poëzietalent tussen de 16 en 18 jaar zich aanmelden als kandidaat voor de verkiezing van de Jonge Dichter des Vaderlands [...]
Kategory: Nijs
Tien ontwerpen zijn genomineerd voor de zesde Vredeman de Vriesprijs voor Vormgeving van de provincie Fryslân. Er kwamen 86 inzendingen binnen, 17 meer dan bij [...]