• 8 december 2015

    GERBEN DE VRIES -  (Harm) Tjalling Waterbolk (Havelte, 1924) jildt as ien fan de foarnaamste argeologen fan Nederlân. Hy studearre biology oan de Rijksuniversiteit Groningen en wurke in tiid as assistint fan de ek al sa ferneamde Albert Egges van Giffen. H.T. Waterbolk promovearre yn 1954 en yn datselde jier waard er heechlearaar-direkteur oan wat doe noch it Biologisch-Archeologisch Instrituut (B.A.I.) fan de Grinzer universiteit [...]