• 11 juni 2015

    Op snein 30 augustus trapet it UITfestival Ljouwert it kulturele jier ôf mei in festival fol teater, literatuer, keunst en muzyk. Mar ek mei bysûndere gearwurkingsprojekten, in kultuer- en kursusmerk, iten en drinken. de Moanne biedt op it UITfestival in poadium oan Ljouwerter studinten om gedichten foar te lêzen yn it moaiste timpeltsje fan Ljouwert; it Pier Pander timpeltsje yn 'e Prinsetún. Dêrfoar sykje wy dichters. Skriuwsto Frysk- of Nederlânsktalige gedichten [...]