• 1 januari 2018

    BART KINGMA - Nuchtere, relativearjende minsken binne in segen foar it minskdom en in pleach foar ynterviewers. Want hoe moatte je mei immen prate oer saken dy't foar himsels sa logysk as wat binne, of hielendal net de muoite fan it útdjipjen wurdich? De komst fan Jan Posthuma nei de studio fan Fiel de Nacht stelt ús foar dy fraach. Hy stiet bekend as bûtengewoan [...]