• 24 maart 2010

    Eelco Venema makket MOOF mei Jong Tryater, nei Oedipus fan Sophocles Okee, syn Allstar-gympen passe miskien net sa by in gouden kroan en hy hat der in hekel oan at minsken him neisjogge. Mar fierder soe Eelco Venema best in jonge kening wêze kinne. Hy hat in fêste posysje yn it spilersensemble fan Tryater. Minsken flústerje syn namme at hy de foyer binnenkomt en neffens syn âlders wie hy as [...]