Iepening Academia van Vrieslant

Yn in unyk gearwurkingsprojekt besteegje Museum Martena en it Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar oandacht oan de Universiteit fan Frjentsjer. Op snein 18 septimber iepenet yn Museum Martena en Tresoar de útstalling De Academia van Vrieslant Universiteit fan Frjentsjer 1585-1811-2011 Yn Museum Martena binne foar it earst yn twahûndert jier alle portretten fan professoaren tagelyk […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.