• 15 juli 2015

    Yn opdracht fan de Marrekrite lansearre de Moanne ferline jier it projekt ‘De Marboei’. In marboei is in poëtysk ankerplak op it Fryske wetter. Earder skreaunen Maarten Inghels, Elmar Kuiper, Ellen Deckwitz en Jaap Krol al in gedicht op ’e Fryske marren. Dy gedichten binne mei GPS-lokaasje werom te finen fia de Marboei-webside dy’t bûn is oan in boei op 'e mar. Oant en mei 2018 sille alle jierren fjouwer dichters de [...]