• 24 februari 2014

    KAREN BIES -  Wat soe ik graach goed hantwurkje kinne. Sels klean meitsje en mysels rêde yn tiden fan krisis. De naaimasine betsjinje as wie ’t in auto, gewoan de foet op it pedaal en gasjaan mar. Sokken breidzje, dat ik fan myn beppe leard ha en myn eigen dochter foardwaan soe, sadat dat ambacht, mei troch my, noch generaasjes lang oerlibje soe. Mar nee. [...]