• 27 november 2012

    Op 8 desimber ferskynt it boek De greidhoeke. Lân en minsken fan 800 oant 1800 en letter fan Philippus Breuker. It boek giet oer de Greidhoeke, it klaaigebiet fan greiden, terpen en âlde diken tusken rûchwei Ljouwert, Snits, Boalsert en Frjentsjer. It boek bestrykt sa’n tûzen jier, fan likernôch 800 oant 1800, mei gauris in útloop nei ús tiid ta. It is skreaun yn de oertsjûging dat de kombinaasje [...]