• 25 augustus 2015

    ELSKE SCHOTANUS -  De Tynje, dêr wie Elske Riemersma, yn 1956 berne yn Amsterdam, as dochter fan in ‘weromkommer’, doe’t sy seis wie, te wenjen kaam. Oars as de measten fan har leeftiidsgenoaten soe sy nei it fuortset ûnderwiis lykwols net yn Fryslân bliuwe. Nei har HAVO-diploma oan it Nassau Kolleezje op It Hearrenfean helle te hawwen ferhuze se nei Baarn om dêr in HBO-oplieding [...]