• 7 april 2011

    Dizze skilderijen binne makke troch Johan Haanstra (1914 – 1994). It binne ympresjes fan Fryske lânskippen. Binne dy saneamde Fryske hege loften der ek? Snúf marris, fernimst it? Wy steane net mei beide fuotten op ’e grûn, wy sweevje der heech boppe. Haanstra skildere de wrydske Fryske loften net, mar hy skildere ympresjes fan Fryslân besjoen út dy loften wei. Hy brûkte dêrby heldere kleuren. [...]