• 27 mei 2014

    Sjueryrapport Douwe Tammingapriis foar debutanten 2014 Wy hawwe 14 boeken lêzen en op sjuerygearkomsten en fia email besprutsen. Wy binne Bart Temme, Karen Bies en Simon Oosting, en wy hawwe dit dien om te sjen hokker proazadebút út de jierren 2011 oant en mei 2013 de Douwe Tammingapriis winne moatte soe. Wat ús opfoel is dat teminsten seis fan de ynstjoerde boeken útjûn wienen in [...]