• 6 januari 2016

    PIET HEMMINGA -   Douwe Keizer syn grutte ik-boek 'Er viel genoeg te beleven...' ha'k mei in soad nocht lêzen. It hat wat om 'e hakken, it bringt nijs, it is tige lêsber en it jout praat. It is boppedat in autentyk boek, de skriuwer skriuwt lykas er praat. Wat wol men winliken noch mear? Fansels, de titel kin folle better, it boek is te lang [...]