• 7 mei 2017

    Rjochtsgelearde en âld-minister Ernst Hirsch Ballin wie befrijingsdei 5 maaie yn Ljouwert. Hy hold in lêzing yn de Doarpstsjerke fan Huzum. Hirsch Ballins libben is mei tekene troch de Twadde Wrâldoarloch. Syn heit, in Joadsk rjochtsgelearde dy’t nei de Kristallnacht yn de jierren ’30 yn kamp Buchenwald siet, ûntflechte krekt op ‘e tiid nazi-Dútslân. De Fryske advokaat Pieter Gerbrandy soarge derfoar dat er asyl krige [...]