Skriuw mei oan ‘de Moanne’ op it UIT-Festival!
‘de Moanne’ iepenet op it UIT-Festival op snein 3 septimber yn de Ljouwerter Prinsetún in âlderwetsk redaksjelokaal. Tritich sitplakken en likefolle âlderwetske typemasines. Elkenien kin oanskowe en meiskriuwe oan ‘de Moanne’. Diel dyn resinsje fan de foarstelling dy’tst sjoen hast, skriuw in gedicht, in ferhaal en skriuw mei!
Tegearre mei it publyk, stedskeunstner Jamila Faber, de Uitkijkers fan Leeuwarden Studiestad, Marit de Weerd, Arjan Hut en striptekener Skelte Braaksma meitsje wy in unike UIT-útjefte fan ‘de Moanne’. De spesjale útjefte sil yn in oplage fan 1.500 eksimplaren ferskine en ferstjoerd wurde nei alle abonnees fan ‘de Moanne’.
Wy sjogge dy graach op it UIT-Festival!