fotografy: © Foto: Hoge Noorden / Jacob van Essen

Nije Moanne-presintaasje yn Natuurmuseum Fryslân

Wat makket foar dy it ferskil? Dat is it tema fan de twadde edysje fan ‘de nije Moanne’, dy’t hjoed oerlange is oan de bern fan groep 6A fan de Ljouwerter Maximaskoalle, yn it Natuurmuseum Fryslân. ‘De nije Moanne’ is spesjaal makke foar alle bern yn Fryslân fan 8 oantemei 108 en wurdt makke yn gearwurking mei Keunstwurk. It is in prikeljend tydskrift oer keunst, kultuer en taal yn Fryslân.

‘De nije Moanne’ kin mei de byhearrende lesbrief ek brûkt wurde as lesmateriaal yn de groepen 6 oant en mei 8 fan de basisskoalle en klas 1 fan it fuortset ûnderwiis, by de fakken Frysk, Nederlânsk, keunstfakken en wrâldoriïntaasje. De meiwurkers fan Keunstwurk nimme ‘de nije Moanne’ mei nei de skoallen.

It Natuurmuseum is net tafallich keazen als lokaasje foar de presintaasje, it museum spilet in rol yn it tydskrift mei in moaie aktivearjende opdracht mei yllustraasjes fan Vera Damhuis.

It ferskil

Dizze edysje is in tydskrift wurden dat op it mêd fan ynhâld, foarmjouwing en ferdjipping fergelykber is mei de reguliere ‘de Moanne’. ‘De nije Moanne’ nimt bern serieus as lêzer en as ferkenner fan syn of har omjouwing. De Moanne wolle tegearre mei de bern de wrâld fan keunst en kultuer ûnbefongen temjitte trêde. Wat makket foar dy it ferskil? Is der ferskil? Wat is it ferskil?

Dizze fragen wurde ferkend en ûndersocht middels strips, gedichten, ferhalen, opdrachten en ynterviews. De ynhâld fan it tydskrift is ta stân kaam troch haadredakteur Amarins Geveke en einredakteur Tialda Hoogeven mei de kreative gelegenheidsredaksje Anne Graswinckel en Kate Schlingemann.

Stipe

‘De nije Moanne’ is mei mooglik makke troch Keunstwurk. De nije Moanne ferskynt ien kear yn it jier.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.