UIT-Festival special ‘de Moanne’
Wy hawwe juster in geweldige dei hân op it UITfestival Leeuwarden. Mei tank oan Stadskunstenaar Leeuwarden Jamila Faber, Arjan Hut, Marit de Weerd, Skelte Siweris Braaksma en hûnderten nije meiwurkers hawwe wy in prachtich nij nûmer fan de Moanne folskreaun. Ynkoarten it bêste fan it UIT-Festival yn de UIT-special fan ‘de Moanne’ en miskien stiet dyn gedicht, ferhaal of resinsje der ek wol yn!
Wolsto ek in bydrage leverje oan de Moanne online of op papier? Dat kin! Wy binne altyd op syk nei minsken dy’t goed skriuwe kinne en skerp tinke.
Skriuwsto graach oer byldzjende keunst? Wolsto wat kwyt oer in boek datst krekt lêzen hast? Wolst in resinsje skriuwe oer in optreden datst koartlyn sjoen hast? Of wolst in bydrage leverje yn de foarm fan in fideo of in gedicht? Fertel it ús en stjoer dyn bydrage nei: reaksje@demoanne.nl.