Russysk-Fryske jûn mei Aliona van der Horst

Publisearre op 4 februari 2015

No freed 6 febrewaris om 20.00 oere hâldt de Gerben Rypma Stifting yn oparbeidzjen mei de Moanne in Russysk-Fryske jûn yn kultureel sintrum De Klameare yn Warkum.

Gast is film- en dokumintêremakker Aliona van der Horst, dochter fan in Russyske mem en in Nederlânske heit. Se studearre Russyske taal en letterkunde, die dêrnei de Nederlandse Filmacademie en wurket foar de VPRO en de NPS.

Van der Horst makke ûnder mear de tal fan kearen bekroande dokumintêre De dame met het witte hoedje, it skrinende ferhaal oer Hanna Michailenko út Odessa, dy’t tusken 1980 en 1988 troch de KGB opsletten waard yn in psychiatryske ynrjochting fanwegen har dissidinte politike ideeën. Yn 2008 krige se foar har hiele oeuvre de prestizjeuze Jan Kassies Stimuleringsprijs.

Yn datselde jier makke se ek de dokumintêre Boris Ryzji oer de jong ferstoarne Russyske dichter Boris Ryzji (1974-2001) – hy die himsels tekoart – waans generaasje grut waard yn de dagen fan en nei de perestrojka en de glasnost.

De film, dy’t ek op de Russysk-Fryske jûn fertoand wurdt, krige de Zilveren Anjer op het IDFA 2008, de Best Documentary Award op it Edinburgh International Filmfestival en waard fierders bekroand mei de Prijs van de Nederlandse Filmkritiek.

Aliona van der Horst wurdt ynterviewd troch Ernst Bruinsma, útjouwer en haadredakteur fan de Moanne. Earder hie hy foar de Gerben Rypma Stifting it gastpetear mei de Flaamske skriuwer en kultuerhistoarikus David van Reybrouck.

Ien fan de sintrale en aktuele fragen fan de Russysk-Fryske jûn is: Wat is der bard ûnder en nei de perestrojka en de glasnost? En wa is dochs dy god fan Ruslân, sa’t Boris Ryzji yn ien fan syn fersen freget. Wat is it plak fan de keunst yn it hjoeddeiske Ruslân?

Skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga hâldt in lytse ynlieding op de poëzy, it wurk en de persoan Boris Ryzji en bringt fan him in tal ferfryske gedichten foar it fuotljocht.

Nei ôfrin kin it publyk ‘rom sitte’ en is der gelegenheid om mei Van der Horst yn petear.

 

Kaarten binne te bestellen fia gerbenrypma@home.nl of tillefoanysk fia 0515 – 57 94 76 / 06 – 38 90 97 04 / 0515 – 54 23 52.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Live

    De twadde Moanne Live fan dit jier wurdt holden op woansdei 7 maaie yn gearwurking mei de Fryske ôfdieling fan de Orde van den Prince. Dit [...]

  • Kategory: Live

    Folle bak justerjûn op de twadde Moanne Live fan 2014 yn gearwurking mei de Fryske ôfdieling fan de Orde van den Prince mei as boeiende gast prof. [...]

  • Kategory: Live

    Yn de muzykkoepel tsjinoer De Koperen Tuin yn de Prinsetún fan Ljouwert presintearren de Moanne en Tresoar tidens it UITfestival Ljouwert Fryslâns meast bysûndere dichters: Sannemaj Betten, Elmar Kuiper, Jan Ketelaar, [...]