Yntroduksjelessen Skriuwersfakskoalle: 10 july en 11 septimber

Publisearre op 3 juli 2024

Dyn literêre talint (fierder) ûntwikkelje? Op woansdei 10 july en woansdei 11 septimber binne der wer fergees tagonklike yntroduksjelessen fan de Skriuwersfakskoalle (in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en de Schrijversvakschool), by Tresoar yn Ljouwert. Op woansdei 25 septimber set it lesblok Skriuwtechniken A wer útein by Tresoar yn Ljouwert.

Yn it lesblok Skriuwtechniken A komst yn ’e kunde mei de eigen skriuwstyl, learst om te eksperimintearjen, om te doaren, om it Frysk as skriuwtaal te brûken. Elkenien kin meidwaan oan de lessen Skriuwtechniken A, om út te probearjen of it skriuwen en de Skriuwersfakskoalle echt wat foar dy is.

De Skriuwersfakskoalle is in mearjierrige oplieding en wurket mei in fêst kurrikulum: nei it lesblok Skriuwtechniken A is it mooglik Skriuwtechniken B te folgjen. Dêrnei kinst, nei talitting, trochstreame nei it folgjende lesjier mei fakken as Proaza, Essay of Poëzij. Op de Skriuwersfakskoalle krigest les fan skriuwers en learst fan inoar. Praatst oer de tekst, it skriuwen, en learst inoar op goede wize kommentaar te jaan. Bist part fan de kultuer fan de skoalle.

De 12 lessen* fan de kursus Skriuwtechniken A binne fan 25 septimber ôf op woansdeitejûn fan 18:45 oant 21:45 oere by Tresoar yn Ljouwert. It lesjild foar Skriuwtechniken A is 540 euro. Krigest les fan Arjan Hut.

Op woansdei 10 july fan 14:00 oant 16:30 en op woansdei 11 septimber fan 19:00 oant 21:30 oere binne der fergees tagonklike yntroduksjelessen Skriuwtechniken A by Tresoar yn Ljouwert. Oanmelde foar de yntroduksjeles kin troch in e-mail te stjoeren nei kantoor@svsgroningen.nl. Set dyn namme en foar hokker yntroduksjeles ast dy oanmelde wolst (10 july of 11 septimber) yn de e-mail. Wolst earst mear ynformaasje? Mail nei info@leeuwardencityofliterature.nl.

*Lesdata (ûnder foarbehâld):

  • Skriuwtechniken A: woansdeitejûn 25 septimber, 2, 16 en 23 oktober; 6, 20 en 27 novimber; 11 en 18 desimber 2024; 8, 22 en 29 jannewaris 2025
    Foar wa’t A folge hat:
  • Skriuwtechniken B: woansdeitejûn 25 septimber, 2, 16 en 23 oktober; 6, 20 en 27 novimber; 11 en 18 desimber 2024; 8, 22 en 29 jannewaris 2025
    Foar wa’t A en B folge hat:
  • Proaza 1: 25 septimber; 2, 16 en 23 oktober; 6, 20 en 27 novimber; 11 en 18 desimber 2024; 8 jannewaris 2025.

It ynskriuwen foar de lessen is ynkoarten mooglik.

Foto: Natalia Balanina

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Poëzij

    HANS PETER WESTIN -    I Zelfportret met kroonpen   Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Proaza

    MINDERT WIJNSTRA -  In jonge snoek hie in boatsje fûn oan ’e kant fan ’e mar. In wrak. It lekte oan alle kanten, it roer [...]