Ynternasjonale taalrevitalisaasje: âlders socht!
Publisearre op 15 februari 2025
Foar ûndersyk nei taaloerdracht yn ’e opfieding binne de Afûk en it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) op ’e syk nei oansteande âlders en âlders mei jonge bern yn Fryslân. Mei in fragelist wolle de ûndersikers mear te witten komme oer hoe’t it is om in âlder yn Fryslân te wêzen, mar ek hokfoar stipe âlders graach krije wolle soene wat taal oanbelanget. Bysûnder oan it projekt is dat der sjoen wurdt nei sawol âlders dy’t besletten hawwe om it Frysk troch te jaan oan har bern, as nei âlders dy’t besletten hawwe om dat net te dwaan.
Kwetsbere taalfitaliteit
It Frysk is klassifisearre as in minderheidstaal mei in kwetsbere taalfitaliteit. Yn ’e lêste desennia is de taal sadwaande hieltyd mear beskerme en befoardere oan de hân fan provinsjaal taalbelied. Dat hat resultearre yn in gruttere ynstitúsjonele stipe foar it Frysk, in sichtberder plak yn ’e media en oare iepenbiere domeinen, en de ynklúzje fan ’e taal yn skoalkurrikula. Boppedat binne der inisjativen om thús de taaloerdracht tusken generaasjes te stimulearjen, om’t it tal âlders dat it Frysk trochjout oan har bern stadichoan efterút giet.
It ûndersyksprojekt “De Fryske taaloerdracht tusken generaasjes: it befoarderjen fan ’e meartalige opfieding en it stypjen fan (takomstige) âlders” ûndersiket net allinne de âlderlike taalhâldings, mar ek it brûken fan (of de winsk foar) materialen ûnder Fryskpratende âlders yn Fryslân. In haaddoel fan it projekt is om te witten te kommen hoe’t âlders it bêste stipe wurde kinne yn alle fazen fan in meartalige opfieding.
Ynternasjonale taalrevitalisaasje
De fragelist is ûnderdiel fan in ûndersyksprojekt, dat útfierd wurdt troch ûndersikers fan it European Centre for Minority Issues yn Dútslân, it Mercator Europeesk Kennissintrum (Fryske Akademy) en Afûk. It Frysk sa’t it praat wurdt yn Fryslân is nau besibbe mei it Noard-Frysk dat yn Nordfriesland (Dútslân) praat wurdt. Parallel oan it projekt oer Fryske taaloerdracht tusken generaasjes yn Nederlân wurdt der troch Ruth Kircher (haadûndersiker) wurke oan in ûndersyk nei de Noard-Fryske taaloerdracht tusken generaasjes. Dat soarget derfoar dat der in fergeliking makke wurde kin tusken de twa Fryske taalgebieten en it soarget foar oerkoepeljende resultaten, dy’t relevant binne foar it taalbehâld en de taalrevitalisaasje oan beide kanten fan ’e grins fan Nederlân en Dútslân.
Fragelist
De fragelist ‘De talen fan ús bern’ stiet no iepen foar oansteande âlders en âlders mei jonge bern (jonger as fiif jier) yn Fryslân. It is ornearre foar sawol Fryskpratende âlders dy’t besletten hawwe om Frysk te praten mei de bern, as foar Fryskpratende âlders dy’t besletten hawwe dat net te dwaan. De fragelist is beskikber yn it Frysk en it Nederlânsk.
Kategory
Tags
Gjin tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Dossier,Frysk yn it ûnderwiis
Fan ‘e hjerst ferskynde in Steatebibel-tsjok skiedniswurk oer de rige doarpen te’n noard-easten fan it Hearrenfean: Terbant, Tsjalbert, Lúnbert en Gersleat. In boek oer de [...]
Kategory: Dossier,Frysk yn it ûnderwiis
TONY FEITSMA - Ynlieding It idee fan Lammert Jansma om ta in universitêre fêstiging yn Ljouwert te kommen dy’t him – yn oparbeidzjen mei [...]
Kategory: Dossier,Frysk yn it ûnderwiis
JOHAN FRIESWIJK - Yn de Nederlânske wittenskiplike wrâld liket de Fryske Akademy in nuveraardich ynstitút. Fansels, der binne mear regionale ynstellings op dat mêd, as [...]


