Sealterfrysk
fotografy: Sealterfrysk

Ynformaasje fan de brânwacht yn it Sealterfrysk

HENK WOLF –

Yn Fryslân wurdt safolle mear dien om it Frysk sichtber te meitsjen as yn it Sealterlân en Noard-Fryslân. De langrinnende aksjes Praat mar Frysk en Frysk op ‘e dyk fan de Afûk hawwe gjin wjergader by de Sealterske buorlju. Sa ûnearlik as it wêze mei: de Friezen yn Dútslân kinne op it stik fan taalbefoardering mear leare fan de Friezen yn Nederlân as oarsomom.

Meastal dan. Soms is der útsûndering. Sa steane der oan trochgeande diken yn Noard-Fryslân twatalige buorden, saneamde hânwizers, dy’t automobilisten yn it Dútsk en Frysk fertelle hoe’t se ride moatte om by ferskate doarpen en stêden te kommen. Op ‘e plysjeburo’s hingje ek buorden dy’t yn beide talen fertelle dat it plysjeburo’s binne. Tagelyk kin men der net sûnder mear fan útgean dat Noard-Fryske plysjes Noard-Frysk ferstean kinne. Yn de provinsje Fryslân kin men by de plysje mûnling oer it generaal prima yn it Frysk te plak, is myn ûnderfining.

Yn it Sealterlân ha se sûnt koarten wat nijs: twatalige posters foar iepenbiere gebouwen dêr’t op stiet wat men dwaan moat as der brân útbrekt. Links stiet yn it Dútsk in saaklik, formeel oersjoch fan saken dy’t men dwaan moat: alaarmknop yndrukke, 112 belje, needútgong sykje, dêr-en-dêr byinoar komme en op ‘e brânwacht wachtsje. Rjochts stiet in stripferhaaltsje, dêr’t it famke Pika datselde nochris yn it Sealterfrysk fertelt, mar dan op in manier dy’t foar bern maklik te begripen is. De foarnaamste doelgroep fan de posters binne dan ek skoallen. Op it gemeentehûs fan it Sealterlân hingje se lykwols ek. Sokke praktyske saken ha wy yn Fryslân net in soad, dêr is it Frysk doch faak geveltsjefrysk. Miskien kinne wy no ris wat fan de Dútske Friezen oernimme?

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.