Wol in bytsje swier, net in bytsje swanger

HENK WOLF – 

Eigenskipswurden (bijvoeglijke naamwoorden) binne der yn ferskate soarten. ‘Grut’ en ‘lyts’ neame wy ‘gradueel’, omdat se wol tsjinsteld oaninoar binne, mar der ek noch in grut griis tuskengebiet fan ‘in bytsje lyts’ en ‘aardich grut’ is. Graduele eigenskipswurden ha as eigenskip dat se in meartrime (‘vergrotende trap’) ha: ‘lytser’, ‘grutter’.

 

It Frysk hat fanâlds in oar wurd: ‘swier’. Hoe sit it dêrmei?

 

Der binne ek absolute eigenskipswurden. ‘Dea’ en ‘libben’ is in aardich foarbyld. Wittenskiplik is it miskien net folslein wier, mar yn ‘e praktyk fan ‘e measte minsken is in hin dea of libben, mar neat dertuskenyn. En de iene baarch is net ‘libbener’ of ‘deader’ as de oare.

Ien fan de Nederlânske standertfoarbylden fan in absolút eigenskipswurd is ‘zwanger’. It is sels in folkswysheid dat je net “een beetje zwanger” wêze kinne. As soks al sein wurdt, dan is it út de grap of it is byldspraak.

Mar hoe is dat yn it Frysk? As jo it wurd ‘swanger’ brûke dat hjoed de dei wol brûkt wurdt, dan is dat fansels net oars as it Nederlânske wurd dat der model foar stien hat. Mar it Frysk hat fanâlds in oar wurd: ‘swier’. Hoe sit it dêrmei?

Yn it folksferhaal ‘De frou dy’t God te wrâld bringe soe’, optekene troch Ype Poortinga, giet it om in frou dy’t seit dat God weromkomme sil op ierde en dat sy him te wrâld bringe sil. Der stiet oer har:

“It minske waarde tige swier, swierder as in oar frommis dat yn ‘e kream moat, dat doe begûnen guon der al wat oars oer te tinken.”

Dat wurdsje ‘swier’ hat fansels de dûbelde betsjutting dy’t it yn it Frysk altyd hat: oan ‘e ien kant wol it sizze dat de frou in berntsje ûnder it hert hat, oan ‘e oare kant dat it baskúl wat fierder útslacht as se derop stean giet.

Troch dy dûbelsinnigens kin in frommeske yn it Frysk dus wol ‘swierder’ wêze as in oaren en dêrmei dus ek ’tige swier’ en fansels ‘in bytsje swier’: in fassinearjend apartichheidsje fan ‘e taal.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.