Speure yn de grûn fan Cornwall

TSJOMME DIJKSTRA – It skeppingsproses fan it projekt ‘Grûn’ jout mear as allinnich it úteinlike keunstwurk. It einprodukt fan de útwikseling yn Cornwall is wer in mjitmomint yn in mânsker projekt. En stiet ek wer oan de begjin fan in nije ferzje fan it projekt. “Ik wol besykje om it konsept hieltyd fierder troch te ûntwikkeljen,” […]

Flylânsk filmfestival yn teken fan fotografy

TSJOMME DIJKSTRA – Fan freed 1 april oant en mei snein 3 april organisearret teater Podium Vlieland – troch de Volkskrant yn 2013 opnommen yn in list mei de tsien aardichste, lytse teaters fan ús lân – in film- en dokumintêrefilmfestival oer fotografy. It festival wurdt organisearre yn ’e mande mei tydskrift Noorderbreedte en is […]

Literêre útdaging yn in oar Europeesk lân

TSJOMME DIJKSTRA – Fan jannewaris 2016 ôf partisipearret Fryslân mei de lannen/regio’s Baskelân, Masedoanje, Sloveenje en Ierlân yn in Europeesk projekt dat skriuwers nei in oar lân – in lân mei in minderheidstaal of in taal mei in lyts tal sprekkers – útstjoert. De skriuw(st)er krijt dêr in honorarium foar en syn/har reiskosten wurde fergoede. […]

Birds- en brasswrâld kruse mekoar yn Beetstersweach

TSJOMME DIJKSTRA –  It is in ûnderfining dy’t los stiet fan elke oare útfiering fan orkesten, en as konsertbesiker witte je amper wat je oerkomt. De orkesten stean yn de sporthal fan Beetstersweach yn in U-foarm opsteld. De muzyk komt je fan links yn ’e mjitte, fan rjochts, fan efteren en dan, ynienen, fan alle […]

‘HAUSER heeft het geheel van een expositie nodig.’

TSJOMME DIJKSTRA –  Fan sneon 29 augustus ôf is de eksposysje HAUSER te sjen yn Tresoar. Dizze eksposysje toant it resultaat fan it artistike gearwurkingsprojekt fan keunstners en dichteressen Annemarie Estor en Lies van Gasse oer de mysterieuze figuer Kaspar Hauser dy’t yn 1828 opdoek yn Neurenberch en de wrâld – ynklusyf wittenskip – troch […]

Keunst op nije lokaasjes yn Ljouwert

TSJOMME DIJKSTRA –  Wa’t it oanbod oan kultuer bylâns giet, kin net oars konkludearje: yn Ljouwert binne keunstsinnige inisjativen by de rûs. Yn tal fan hoeken fan ’e stêd wurde hjoed-de-dei ynnovearjende aktiviteiten opset. Fan ‘ienmalige’ festivals ta eksposysjes dy’t in poadium oan ferskillende keunstfoarmen biede: de fariaasje is grut. Inisjatyf ta fernijing is der […]

De nije missy fan Skanomodu

TSJOMME DIJKSTRA – Skanomodu bringt digitaal tydskrift út Sâneninheal jier hat Skanomodu as stúdzjeferiening bestien, de feriening foar studinten Fryske taal en kultuer oan de universiteit yn rrins. As stúdzjeferiening hie Skanomodu mar koarte tiid noadich om ek de ferbylding foar de bûtenwrâld te wurden fan de aktive en entûsjaste lichting studinten fan de stúdzje […]

Ghost Track, in yntinsyf proses

TSJOMME DIJKSTRA –  Jûn, 7 febrewaris, giet yn de Harmonie foarstelling Ghost Track fan stifting Blau Hynder yn premjêre. In foarstelling dy’t yn teaters yn it hiele lân te sjen wêze sil. Dizze foarstelling mei teater, sang, live muzyk en muzyk dy’t yn it foar opnommen is, giet oer it proses fan muzyk opnimme yn […]

De ‘togetherness’ fan de Alvestêdetocht

TSJOMME DIJKSTRA –  Britske band makket muzyk by bylden fan de tocht fan ‘63 Yn april frege de festivalorganisaasje fan Explore the North oan de Britske band ‘Public Service Broadcasting’ oft dy foar de kommende edysje fan it festival muzyk meitsje wolle soe by argyfbylden fan de legindaryske Alvestêdetocht fan 1963. Yn Nederlân hat elkenien […]

Filmfestival oan it Wilhelminaplein

TSJOMME DIJKSTRA – Noordelijk Film Festival is werom en pakt út Fan 6 novimber ôf is foar it earst it nije filmteater Slieker Film mei De Harmonie dekôr fan it Noordelijk Film Festival. Yn oanrin nei it festival hie de Moanne in petear mei de direkteur fan de organisearjende stifting Film in Friesland, Jacqueline Schrijver. […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.