• 18 mei 2018

    TSJOMME DIJKSTRA -  Op skoallen yn de gemeente regelen se dat dichters yn de klasse kamen en in gastles fersoargen. Soms wurkje se ek mei de gemeente gear oan kulturele projekten. Yn haadsaak soargje se der lykwols foar dat der in protte poadia foar keunstners binne om har wurk te presintearjen. Foar en mei harren organisearje se eksposysjes, optredens, keunstmerken, wedstriden en kuiers. It bringt [...]

  • 25 januari 2018

    TSJOMME DIJKSTRA –  Fiskers, lânarbeiders, boerefeinten, turfstekkers: yn de skiednis en ûntwikkeling fan Fryslân is in net út te flakken rol ferfolle troch withoefolle groepen arbeiders. It skynt sels dat de measte minsken dy’t hjoed-de-dei yn de provinsje wenje foarâlden hawwe dy’t arbeider wienen. Mar wat witte wy fan de neilittenskip en it libben fan ús foarâlders? Yn it projekt ‘Wat foarôf gie’ bringe keunstner [...]

  • 17 januari 2018

    TSJOMME DIJKSTRA -  Trije moannen lyn waard yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert in nije finylfabryk yn bedriuw nommen. 'Deepgrooves' is de twadde finylparserij yn Nederlân nei Record Industry yn Haarlem. En dy koe de produksje de ôfrûne jierren troch de gestage ‘comeback’ fan de finylplaat aardich fergrutsje. In brancheferiening, NVPI, berekkene dat de ynkomsten fan muzykdragers sa as lp’s en cd’s yn 2016 foar it [...]

  • 4 oktober 2017

      TSJOMME DIJKSTRA - Wy brûke bylden om de wrâld om ús hinne te begripen. Bylden fan wat wy om ús hinne sjogge, mar ek op foto’s. Se jouwe ús in grutte tagong ta plakken dy’t ús oandacht hawwe. Elke kear op de dei dat wy de tillefoan yn ús hân ha om it nijs te skennen, berjochtsjes út te wikseljen en ús tiidlinen op [...]

  • 11 juli 2017

    TSJOMME DIJKSTRA -  "Het landschap is niet meer wat het geweest is, maar dat is het ook nooit geweest. Hoe het ooit was, laat nog steeds het buitendijkse land langs het Wad zien. Door de eeuwen heen heeft de gebruiker zijn land niet alleen onderhouden, maar ook verbeterd. Daarzonder zou het ook in korte tijd weer verwilderen." Sa begjint it fyfde haadstik fan Het landschap [...]

  • 23 mei 2017

    TSJOMME DIJKSTRA -  In middei fol kultuer op de Pollepleats en yn it lânskip fol puollen, marren en fêste grûn om de pleats hinne. Dat ha Wiepkje Hoekstra en Bianca Prins, dy’t de akkomodaasje op De Kat yn Westhim beheare, foar eagen kommende tongersdei.   In kuier en in fartocht wêrby’t lûden út lânskip en muzikale klanken, is it idee, ûnderweis op allerhande plakken mei [...]

  • 27 april 2017

    TSJOMME DIJKSTRA - De Fryske literatuer is sûnt koart in útjouwerij riker: Grotesk, oprjochte yn Amsterdam, wol útjeften op it mêd fan eksperimintele literatuer en krityske essays útbringe. "Yn septimber binne wy begûn", fertelt oprjochtster Friduwih Riemersma. "Ik wie mei myn eigen bondel Kultuerferlies dwaande en tocht deroer om dy yn eigen behear út te bringen. Mar myn freon Abe de Vries sei tsjin my: [...]

  • 4 april 2017

    TSJOMME DIJKSTRA -  It momint fan de oprop hie net better komme kind, fynt Gerard de Jong, dy’t yn maaie nei de Baskyske stêd San Sebastián ôfreizget foar it projekt Oare Wurden / Other Words. Nei André Looijenga en Bart Kingma is De Jong (37), al santjin jier haadredakteur fan de Bildtse Post, de tredde Fries dy’t útstjoerd wurdt nei in oare regio yn Europa [...]

  • 29 maart 2017

    TSJOMME DIJKSTRA -  De Nacht van de Filosofie Fryslân fiert it kommende wykein it tsienjierrich bestean. Alle reden om werom te sjen op moaie programma’s fan foarrige jierren en ek in moaie gelegenheid om tegearre mei besikers en gasten fan de eardere jierren en mei nije gasten in toaste te bringen op ’e takomst. Andrea Möller, koördinator fan de Nacht fan de Filosofie, besprekt in [...]