• 22 juni 2015

    ELSKE SCHOTANUS -  In trije kertier foar’t de foarstelling begjint wurdt der, foar 'Holes', in koproduksje fan Tryater en De Jonge Republiek, noch repetearre. Benijd klim ik it dún op om te harkjen nei de sjongstim fan Sjaan Duinhoven dy’t mearke-eftich opklinkt as ik oer it boskpaad nei de sânflakte rin dêr’t it barren him ôfspylje sil. Dit, harkje sûnder dat der al publyk is [...]

  • 27 mei 2015

    FROUKJE SIJTSMA -  Fiif dagen yn ‘e wike is administateur Johan van der Berg dwaande mei de finansjele administraasje fan Tryater. ‘Mei saaklik lieder Siart Smit stel ik de begruttings op foar de ferskillende teaterproduksjes fan Tryater. Fierder meitsje ik de finansjele einferslagen at de foarstellings dien binne, boek ik faktueren yn en hâld ik de finansjele sûnens fan de rinnende foarstellings yn ‘e gaten.’ [...]

  • 14 mei 2015

    SUSANNE BENSDORP -  Hast alle dagen is Harold te finen by Tryater. Hy wurket nammentlik mei oan de foarstelling Untsnapping nei it fiere easten. Dizze foarstelling spilet alle wurkdagen, útsein woansdeis, op ‘e souder fan it Tryatergebou en ûntfangt dêrmei sa’n 450 bern yn ‘e wike. Harold fangt dizze bern op en wiist har it paad. Harold is no sa’n fiif jier aktyf frijwilliger by [...]

  • 6 mei 2015

    RIXT BOTTEMA -  Meiwurkers fan Tryater stelle inoar fragen oer wurksumheden by Tryater. Dizze kear beantwurdet Rixt Bottema in fraach fan Jan Ros. Jan Ros stelde de folgjende fraach oan Rixt Bottema: 'By in protte dingen dy’t by in teaterbedriuw as Tryater barre stiest net stil, mar se binne wol hiel belangryk. Kinsto my útlizze wat it plannen fan in toernee ynhâldt en wêr’t de [...]

  • 15 april 2015

    NYNKE VAN DER ZEE -  Ein novimber stie se foar it earst yn it Tryatergebou op de planken mei it stik It famke en de twiveler fan Tatiana Pratley. Ali Zijlstra (22) spile yn de stêd dêr’t se hikke en tein is har debútstik foar Tryater. Dêrmei is de sirkel rûn, want yn Ljouwert rekke se as lyts famke fereale op it toaniel. "Yn de [...]

  • 13 april 2015

    ELSKE SCHOTANUS -  Maaie 2013 yn it Tryatergebou, by de preview fan Thúsfront, doe yn de foarm fan in ‘teatrale lêzing’ wie ik tige ûnder de yndruk fan de tekst fan Romke Toering dy’t troch de spilers, skriuwblokken yn de hân en foar it meastepart sittend, foar it fuotljocht brocht waard. “Dêrby steurt it blêdzjen nei de folgjende side absolút net,” skreau ik, “it foeget [...]

  • 2 april 2015

    FINNY ANDRINGA-VAN DER PAL -  It wie yn it Princessehof yn Ljouwert by Brekber, dat ik efkes noflik siet te praten mei 'ús' Hilly (koördinator fan de frijwilligers). Wy hiene it oer de fraach fan Tryater om in stikje oer it frijwilligerswurk by Tryater te skriuwen. Ik murk dêrby op, dat dat neat foar my wie, om't ik mysels hielendal net sa’n aktive frijwilliger fyn. [...]

  • 30 maart 2015

    ELSKE SCHOTANUS -  Yn de gong fan in hûs, ik mien it wie yn Reduzum, trof teatermakker Tamara Schoppert ris twa pear opfallende skuon oan: reade, ynlein mei diamantsjes en griene mei goudene glitters. ‘De schoenen van mijn moeder’, sa skeat it troch har hinne. It soe samar de titel fan in boek wêze kinne of dy fan in teaterfoarstelling. Doe’t by Tryater besletten waard [...]

  • 18 maart 2015

    TRYATER -  Meiwurkers fan Tryater stelle inoar fragen oer wurksumheden by Tryater. Dizze kear beantwurdet Jan Ros in fraach fan An de Wrede. Sy frege: 'Jan, do hast De IIsfoarstin foarmjûn, no bouwe wy oan dyn ûntwerp foar Brekber yn Keramiekmuseum Princessehof. It binne yn myn eagen twa útersten kwa foarmjouwing. Is dêr in parallel oan te wizen?' De IIsfoarstin en Brekber lykje in earste [...]