Dichters foar … dichters?

ELSKE SCHOTANUS –  Under de namme Tinkrom organisearret Tryater gauris ekstra aktiviteiten by foarstellingen en by Wat jo wolle wie dat, tongersdeitejûn 7 desimber, in dichtjûn mei Grytsje Schaaf en Anne Feddema. It selskip wurke dêrfoar gear mei de Moanne dat ûnder de namme de Moanne Live ek geregeld temajûnen op priemmen set. Wie it […]

It libben fette yn in oere

RYNK BOSMA –  By de foarstelling ‘Elkenien is in prutser’ stiet sels dy titel net fêst, je kinne foar it selde jild prutser ferfange troch hakkenkruk of pieler of griemer. Neat leit fêst sa as dat yn it libben ek it gefal is. Fiif spilers fan Tryater, Sjoerd Blom, Romke Gabe Draaijer, Raymond Muller, Eline […]

de Moanne Live: in Wat-jo-wolle-dichtjûn

Yn in tiid dat alle mieningen telle en se hieltyd hurder tsjin mekoar opbotse, komt Tryater mei in passend antwurd: De ideale teaterjûn! De akteurs besykje út te finen wat it publyk no eins echt sjen wol. Harren grutste prestaasje is jimme ferdivedaasje. As út in toverdoaze wurde de sênes delsetten. De fraach bliuwt: slagget […]

BG, bêst goed

ELSKE SCHOTANUS –  Foar bern fan fjouwer oant seis jier brocht Tryater yn, ûnder mear, It Posthús op It Hearrenfean Ien dei út it knisterjende libben fan in pûdsje. In pûdsje, dat is plestik en plestik, ast it net yn de ôffalbak smytst, rjochtet skea oan de natuer oan, is it boadskip fan de Frysktalige […]

Ljouwerter wyk wurdt sjoen

RYNK BOSMA –  It kostet in mem en heit 16.000 euro om in bern grut te bringen oant syn achttjinde jier. It is sa mar in sifer yn de foarstelling ‘Work work work work work’ oer de Ljouwerter wyk Heechterp-Skieringen dat sneontejûn 11 maart yn it Tryatergebou yn Ljouwert yn premjêre gie. Dat sifer stiet […]

Hearlik keukentafelpetear oer ‘De wierheid fan Wylgeragea’

HENK VAN DER VEER –  Op 23 en 24 novimber spilet Tryater yn de Noorderkerkzaal fan Theater Sneek de foarstelling ‘De wierheid fan Wylgeargea‘. Ofrûne moandeitejûn wie der yn Lewinski, it kulinêr poadium fan Snits, in keuktafelpetear oer it stik. Stella van Gent, wethâlder SWF, interviewde op treflike wize skriuwer Kees Roorda. Dat Tryater fragen […]

Aan Tafel! ‘de Moanne Live’ mei Tryater

No moandei 14 novimber wer in hiele bysûndere Aan tafel! Diskear ‘de Moanne Live’ mei Tryater yn Lewinski yn Snits. Tryater spilet op 23 en 24 novimber yn de Noorderkerkzaal fan Theater Sneek de foarstelling ‘De Wierheid fan Wylgeragea‘. It stik giet oer hoe dreech it is om de nuânse te bewarjen yn tiden fan tanimmend ûnbehagen en […]

De leagen fan Wylgeragea: Een open en tolerant Fryslân

ELSKE SCHOTANUS – Doe’t ik yn de LC fan freed 7 oktober in artikel oer ‘De Wierheid fan Wylgeragea’, de nijste foarstelling fan Tryater, lies, realisearre ik my dat ik it stik earder, yn de ‘preview’, al sjoen hie. Yn 2014 skreaun ik, oer wat doe ûnder de kop ‘Liet fan myn doarp’, brocht waard: […]

Formule ien akteurs yn in DAF 55

RYNK BOSMA –  As twa fûgels op de wjukken fan de wyn, sa natuerlik fleagen Ali Zijlstra en Lourens van den Akker oer it toaniel yn de foarstelling ‘It famke en de twiveler’ fan Tryater yn de Einekoer yn Ryptsjerk. Oardel oere lang sûnder skoft wurde de minsken meinaam yn it ferhaal fan Geerte en […]

Oarloch as ynspiraasje foar teaterprodusint David Lelieveld

ELSKE SCHOTANUS –  Mei it útsjoch op de skyline fan Ljouwert, de Achmeatoer as skaaimerkend elemint, praat ik mei David Lelieveld, produsint by Pier21, de stifting dy’t hy yn 2012 tegearre mei akteur en teatermakker Theo Smedes oprjochte, nei’t er it jier dêrfoar om reden fan besunigings dien krigen hie as technikus by Tryater. Mar […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.