• 11 november 2015

    SYDS WIERSMA & RIK KLAVER -  Yn de keunsten spilet it ‘hillige moatten’ faak in wichtige rol. Ek by filmmakkers. Dat kin maniakale trekken oannimme. Om in ljocht skine te litten op de passionearre en foar bûtensteanders faaks kranksinnige relaasje dy’t guon filmmakkers mei har ûnderwerp hawwe, hat it Fries Film Archief dit jier Filmmania as tema keazen foar it argyfprogramma op it Noardlik Film [...]

  • 1 september 2015

    RIK KLAVER & SYDS WIERSMA –   Doe’t Roel Oostra (Easthim, 1921) yn 1962 frege waard om direkteur fan de Drachtster skouboarch De Lawei te wurden, wie er banketbakker. Hy siet yn de saak fan skoanheit Engbert (Emmy) van der Meulen, neffens de ferhalen de bêste banketbakker fan Drachten en omkriten. Mar eins wie Roel in toanielman. Yn de jierren fyftich hie er it kabaretselskip [...]

  • 10 juni 2015

    RIK KLAVER & SYDS WIERSMA –  De fyts, it ferfiermiddel fan de Nederlanner. Guon sitte earder op 'e fyts as dat se rinne. In bytsje famyljefilmer leit fêst hoe’t syn bern op in trijetsjillerke fytst of, noch serieuzer, it echte fytsen leart en foar it earst los fertroud is op twa tsjillen. De keunst om fytsend yn balâns te bliuwen, fan bern oant beppe, it [...]

  • 20 maart 2015

    RIK KLAVER & SYDS WIERSMA -  Om 1930 hinne struts in groepke pioniers op de heide by Bakkefean del, yn it buorskip Allardseach. Se kamen om in ideaal hannen en fuotten te jaan: de oprjochting fan in skoalle foar it libben, in folkshegeskoalle. It gie om emansipaasje, troch fakûnderrjocht en kulturele en sosjale foarming, foar jongerein en folwoeksenen. Jarig van der Wielen, in garismatyske en [...]

  • 11 februari 2015

    RIK KLAVER & SYDS WIERSMA –  Jan Bearn Singelsma (1914-2005) is ien fan de grutte Frysk bewegers fan de tweintichste ieu. Hy wie oprjochter fan de folkshegeskoalle Skylgeralân, waard it earste steatelid foar de FNP yn 1966 en wie foarsitter fan de Feriening foar Federaal Europa. Hy stie graach op de barrikaden. Sa focht er yn de jierren ‘60 foar de komst fan Fryske radio [...]

  • 10 december 2014

    RIK KLAVER & SYDS WIERSMA -   It Fries Film Archief (FFA) is yn besit fan in opfallende kolleksje ‘Alden-fan-dagen films’. It giet om âldereinreiskes dy’t bynammen yn de jierren ’50 troch ferskate doarpen yn Fryslân organisearre waarden. Guon fan dy reiskes binne op film fêstlein en waarden op winterjûnen ûnder grutte belangstelling fertoand. De films folgje hast altyd itselde stramyn. De âldsjes stappe yn [...]

  • 31 oktober 2014

    RIK KLAVER & SYDS WIERSMA, Koartlyn hat it Fries Film Archief (FFA) de kolleksje fan de Huzumer amateurfilmer Oege Bekema (1909-1974) digitalisearre. Soan Jildert Bekema beseach en beskreau de kolleksje fan de fiifentritich 8mm films by it FFA. Oege Bekema wie in rooms-katolike jonge út Westhim by Blauhús. Hy krige letter frou en bern yn Huzum. De films fan Oege (ropnamme Jan – want Oege [...]

  • 18 juni 2012

    Syds Wiersma -  Op 16 july is it 116 jier lyn dat Christiaan Slieker yn in merketinte mei 116 sitplakken de earste films yn Fryslân draaide. Dat fertsjinnet oandacht. Hielendal no’t de film takom maityd weromkomt op it Saailân. Dan iepenet Filmhûs Ljouwert de doarren fan trije bioskoopsealen yn it nije museumgebou. Christiaan Slieker wie in pionier, de earste Nederlanner dy’t in reizgjende bioskoop hie. [...]

  • 5 mei 2012

    SYDS WIERSMA -  Op 16 july is it 116 jier lyn dat Christiaan Slieker yn in merketinte mei 116 sitplakken de earste films yn Fryslân draaide. Dat fertsjinnet oandacht. Hielendal no’t de film takom maityd weromkomt op it Saailân. Dan iepenet Filmhûs Ljouwert de doarren fan trije bioskoopsealen yn it nije museumgebou. Christiaan Slieker wie in pionier, de earste Nederlanner dy’t in reizgjende bioskoop hie. [...]