• 27 januari 2022

    Hjoed, op tongersdei 27 jannewaris, start de tsiende edysje fan de Poëzieweek yn Vlaanderen en Nederland. It tema fan dizze lustrumedysje is natoer. Syds Wiersma skreau binnen it tema it gedicht De grotten fan Keash. De grotten fan Keash binne in rige kalkstiengrotten oan de westkant fan de Bricklieve Mountains, yn de buert fan it doarpke dorp Keash, County Sligo, Ierlân. Wiersma bedarre dêr ôfrûne simmer [...]

  • Tsjisse Hettema

    29 juli 2021

    SYDS WIERSMA - Tsjisse Hettema is ferstoarn. Ut namme fan dichterskollektyf RIXT en as goede freon hat Syds Wiersma in In Memoriam skreaun foar de RIXT-webside, De Moanne mei de tekst trochpleatse op har webside. - - - - - - - - - - - - Sneintemoarn 25 july ferstoar dichter Tsjisse Hettema (Bitgum, 1955). Nei in tige koart siikbêd joech er thús yn [...]

  • 30 oktober 2019

    ARJAN HUT -  "Ik skriuw noait gedichten dy't oer dingen geane," seit de Deen Carsten René Nielsen (1966) yn De Basuin op in flinke stienwurp fan it stasjon yn Ljouwert. It petear giet oer dichters yn tsjinst, Nielsen fynt it in bysûnder fenomeen dat der yn Nederlân stedsdichters binne en in Dichter des Vaderlands. Hy soe soks sels net dwaan, yn opdracht wurkje.   Dochs [...]

  • 5 juli 2019

    MALTSJE DE RIDDER - JANSMA -  Kafee 'De Basuin' makke earder fan't jier syn entree yn de Fryske literêre wrâld doe't dêr de nijjiersboarrel fan it Skriuwersboun wie. Snein trokken de leafhawwers fan poëzij nei it kafee op de krusing fan de Nije Hollannerdyk en de Ljouwerterstrjitte foar de presintaasje fan de nije bondels fan Syds Wiersma (Lân sûnder ljurk) en Gerrit de Vries (Unlân). [...]

  • 25 januari 2019

    TSJOMME DIJKSTRA – Dichters Elmar Kuiper, Geart Tigchelaar, Cornelis van der Wal en Syds Wiersma sille op útnûging fan it Aarhus Litteraturcenter yn maart in wike tahâlde yn Denemarken. De Fryske dichters binne fan plan om mei fjouwer Deenske fakgenoaten te wurkjen oan in twatalige dichtbondel en sille in oantal optredens jaan yn Aarhus en Kopenhagen.    "We meitsje in roadtrip troch Denemarken en it [...]

  • 23 januari 2019

    Fan 14 desimber 2018 o/m 2 febrewaris 2019 organisearret Lân fan taal yn gearwurking mei kultureel tydskrift ‘de Moanne’ en BWH-ontwerpers in Marboei-eksposysje yn besikerssintrum Obe. In Marboei is in ankere boei op it wetter dêr’t boatsjes frij oanlizze kinne. Yn totaal skreaunen trettjin dichters út Nederlân en Flaanderen in gedicht op it Fryske wettter, keppele oan ien fan de Fryske Marboeien. Op dizze eksposysje binne [...]

  • 17 september 2018

    ARJAN HUT - De trije noardlike filmargiven ha yn 'e mande mei Lân fan Taal in oprop dien oan kreativelingen om in plan yn te tsjinjen foar in optreden op it Noordelijk Film Festival. It doel is dat 'performers' har útdaagje litte troch it byldmateriaal yn it Fries Film Archief (FFA) en har Drintske en Grinslanner wjergaders. Wy stjoere oan op in middei mei optredens [...]

  • 24 april 2018

    ARJAN HUT -  Piter Yedema wie ien fan de dichters dy't woansdeitejûn foardrage soe by IepenUP Live, nei oanlieding fan it tema wetter. No't de dichter ferline wike hommels ferstoarn is, bringe syn kollega's in earbetoan oan him yn it programma, dat live fan út Neushoorn Backstage útsjoerd wurdt.   “Piter soe as ús moannedichter fan april by IepenUP optrede. Mar ik hoopje dat dit [...]

  • 12 januari 2018

    ARJAN HUT -  Woansdeitemoarns sit ik oan de kofjetafel mei Syds Wiersma en Jurjen Enzing by it Frysk filmargyf op de Bûterhoeke yn Ljouwert. Tusken ús yn stiet in byldsje fan Stan Laurel, in soart fan aksjefiguur. In jier earder wie ik hjir ek, om Syds te interviewen oer syn dichtbondel 'Raffelwjok'. Dat wie krekt op it stuit dat Enzing yn in stapel âlde 35mm [...]