• 10 mei 2012

    E: 'Wieteke van Dort is weer thuis', 'Scarlett Johansson kan ieder moment verlovingsring verwachten', sokke nijtsjes mei ik graach lêze op ynternet. Triviaal, posityf nijs. S: Ja, en 'Guus Meeuwis is de ultieme Nederlander' stiet op Nu.nl. It sit yn ús natuer, Ernst, om ús te mjitten oan minsken dy't heger op de maatskiplike ljedder stean. Guus is suksesfol, hat tûzenen fans, in prachtich hûs [...]

  • 24 februari 2012

    In groep mannen (jong yn dit en jong yn dat) is op syk nei miljoenen, foar in nije generaasje Friezen. Sy dreame der fan om Fryslân yn de 21e ieu te tillen fia ‘in koerts rjochte op it ûntwikkeljen fan selsbetrouwen, basearre op eigen talinten. Dan krekt komt yn de provinsje in beweging op gong. Dan krekt tsjinnet him in sterke ekonomyske, sosjale en kulturele [...]

  • 15 oktober 2011

    Nei in nûmer oer de Swette en in spesjaalnûmer oer boeken, komme wy dizze hjerst al wer mei in ‘special’. Foarlopich is it ús lêste special, mar it tema fan dit nûmer, design en arsjitektuer, blykt oan de oare kant sa ynspirearjend te wêzen foar redaksje, meiwurkers en abonnees, dat wy besletten hawwe om oare jier geregelder omtinken te jaan oan dit ûnderwerp. En dan [...]

  • 21 juli 2011

    ERNST BRUINSMA - De abonnees fan de Moanne krije ein july twa ôfleveringen tagelyk yn de brievebus. Nûmer 6 giet oer boeken en literatuer en stiet fol mei besprekken, ynterviews, ferhalen en gedichten. Yn in spesjale redaksjonele bydrage gean wy yn op de fraach hokker bedrigingen Fryske skriuwers mei konfrontearre wurde, mar seker ek op de kânsen dy’t der lizze. It stik giet benammen oer [...]

  • 21 juni 2011

    Lestendeis wie ik by de iepening fan de tentoanstelling fan fotografe Trynsje Nauta yn it Fries Museum. Yn ‘De zee roept’ hat se leafdefolle portretten makke fan learlingen op de Seefeartskoalle, mar fassinearjender is miskien noch wol dat se portretten makke hat fan de see, troch it keamersrút fan elk fan dy learlingen. Elke learling hat op dy wize in dûbelportret krigen. Tryntsje Nauta hie [...]

  • 14 mei 2011

    De diskusje oer it belang en de wearde fan kultuer wurdt hieltyd skraler, alteast binnen de rûnten fan it iepenbier bestjoer. In wat ûnbetocht ferlangen nei direkte aksje hat it ek hjir – krekt as yn de polityk – wûn fan tsjinspraak en refleksje. De provinsje Fryslân hat op dit stuit – troch it grutste part fan de jildlike middels foar kultuer oer te heveljen [...]

  • 7 april 2011

    ERNST BRUINSMA - Yn 1997, yn ien fan myn alderearste bydragen oan Trotwaer, bespruts ik de bondel In fearnhûndert ferhalen fan Trinus Riemersma. Neffens my moasten dy ferhalen fral lêzen wurde as in soarte fan eksperimintearromte foar wat hy yn syn romans fierder útwurkje soe. Troch dy ferhalen waard dúdlik, sa skreau ik, hoe't alles úteinlik wol liede moast ta dy hiele bysûndere postmoderne roman [...]

  • 25 februari 2011

    ERNST BRUINSMA - Op it omslach fan dizze Moanne stiet in âlde man. It giet om Klaas Bruinsma, de ferneamde en al mear as ien kear ûnderskieden oersetter dy’t de grutte klassike literatuer nei it Frysk oerset en dêr eins syn libben foar opoffere hat. Wêrom? Sadat lettere generaasjes sjen kinne dat der serieus wurke waard yn de Fryske taal. Koartlyn waard Bruinsma 80 jier [...]

  • 28 januari 2011

    - Lêsto noch wolris in gedicht? Gewoan, foar dyn plezier? - Selden. Ik gean der net foar sitten. In pear wike lyn wie ik oan it googeljen op myn eigen namme en ûntduts ergens in stikje op Farsk fan mysels oer de poëzij fan Eva Gerlach. Doe haw ik noch even in bondeltsje fan har út 'e kast pakt. - Fan dy skriuwster ha ‘k [...]