• 18 november 2013

    NYNKE VAN DER ZEE -  Nei har earste roman De Ent, ferskynd yn 2010, leit sûnt begjin oktober dit jier de twadde roman fan Jannie Regnerus yn ’e winkel. It boek krige de titel Het Lam. Hûndertenfjirtich pagina’s fol wûndermoaie byldzjende beskriuwings, dy’t de lêzer fêstgripe en mei in ferslaavjende faasje troch it ferhaal skuorre. Regnerus leveret it bewiis dat byldzjende keunst net allinnich ûntstiet [...]

  • 23 juli 2013

    NYNKE VAN DER ZEE - If you - being one of the few lucky ones - have had English in primary school, you will probably recall the sneaky snigger in the classroom when the teacher started to sing in his corny-English accent: "Twinkul, twinkul, liddel stàr". But let's be honest, teaching in English isn’t easy when it is not your first language. Therefore, many trilingual [...]

  • 9 juli 2013

    NYNKE VAN DER ZEE -  It doarp dêr’tst fan tefoaren al ûnwennich fan bist Fleurige griene tûfen fan de woartels, radysplanten en grutte kroppen slaad. De festivaltún fan Welcome to the Village groeit as koal. En dat moat ek, want ein july komme der sa’n 1500 oant 2000 iters, dy’t net allinnich honger ha nei muzyk, literatuer en keunst, mar foar wa’t ek in farske [...]

  • 5 juni 2013

    NYNKE VAN DER ZEE -  Tagelyk mei de iepening fan it Frysk Museum yntrodusearret de Abe Bonnema Stichting dit jier in prestisjeuse nije priis. De Abe Bonnema Arsjitektuerpriis - goed foar 50.000 euro - is bedoeld om oandacht te jaan oan Nederlânske projekten, dy’t troch tapassing fan ynnovative konsepten en aspekten in foarbyld binne, in nije noarm of standert sette, of it toanbyld binne fan [...]

  • 22 maart 2013

    NYNKE VAN DER ZEE -  Grutte ferhalen oer lytse fûgeltsjes Mei it ferskinen fan de earste ljippen op in sinnige maitiidsdei is dêr ek syn nije boek. Skriuwer Sake Pieter Roodbergen fan Akkrum hie’t him net moaier winskje kinnen. Wylst de earste eksimplaren parmantich troch de Fryske greide stappe, leit op ‘e keukentafel syn eigen briedsel, wêr’t er hast twa jier oan wurke hat. ‘Kieviten [...]

  • 1 december 2012

    NYNKE VAN DER ZEE -  As wienen se yn de rûzige jierren 20 sa út New Orleans plukt, hast 100 jier fakkundich bewarre en no yn 2012 yn Fryslân foar it earst wer foar it ljocht helle. Stiif strutsen oerhimden, strakke gilets, slytske spikerbroeken en hjir en dêr in fashionable huodsje. De acht manlju fan it Broken Brass Ensemble binne net allinne in plaatsje om [...]

  • 24 september 2012

    MARIEKE VINCKERS - (foto: Linus Harms) ‘It is sa no en dan ek wolris noflik om in dei gjin fet yn ’t hier te smarren.’ Yorn Overwijk kuiert by in rige lege blikjes Murray’s Wax lâns nei syn keamer, oan ’e râne fan Ljouwert, earder yn gebrûk as skoallokaal. In soad romte. Kontrabas nonsjalant oer de flier. Elektryske gitaar tsjin in âlde, opblaasde lûdsboks oan. [...]

  • 28 juli 2012

    Op slippers kuiert er foarsichtich lâns brânnettels, toarnen en stikels. Regisseur Dirk Bruinsma (1985) fûn hjir tusken de reidplûmen fan de Broeksterpolder by Jistrum syn dreamlokaasje foar it iepenloftteaterstik Hebeca. Oan ’e iene kant de wyldernis en widens fan de Burgumer Mar, oan de oare kant de strakke kontoeren fan de elektrisiteitssintrale fan Electrabel. It is it folmakke dekor foar in stik dat [...]

  • 1 december 2011

    MARIEKE VINCKERS - It nijste teaterstik dat er foar Tryater makket, giet oer it sykjen fan Keimpe. Syn heit ferdwûn lang lyn samar ynienen. Op in dei stiet der in famke by him foar de doar, dat him fertelt wêr’t syn heit is. Der ûntrôlet him in wûnderbaarlik aventoer. In ferhaal dat stadichoan ûntstiet yn it brein fan skriptskriuwer/komponist Peter Sijbenga en regisseur Bram de [...]