• 25 februari 2011

    JAAP KROL - Muzyk, teater of literatuer, oeral komt yn in minskelibben de klad yn. Foarnimmens, jawis; útfiering, ho mar. Sa doar ik wol te bekennen dat ik op syn heechst ien kear yn it jier nei in toaniel- of oar teaterstik gean, dat ik Beggars Banquet fan de Rolling Stones hielendal net ken en dat ik noch noait wat fan Philip Roth lêzen ha. [...]