27 augustus 2015
MONIQUE FLINKER - It is noch gjin 2018, mar de tiid hâldt gjin skoft. Dus moat ek de organisaasje fan Kulturele Haadstêd bybliuwe. Dizze simmer soe artistyk direkteur Lieven Bertels oan it wurk yn Ljouwert, mar dat wurdt wat letter. Om mear sponsoaren te lûken is yntusken Jan van Erve binnenhelle. Artistyk direkteur Lieven Bertels fan Kulturele Haadstêd hat oan it ein fan it jier [...]
7 juni 2015
Achte hear Callens, Sa no en dan oerkomt it je samar ynienen: smoarferlyfd wurde op in lietsje. Sa'n juwieltsje dat al jierrenlang earne yn in fitrine lei te pronkjen, mar do wiest der mei dyn suffe holle hieltyd oan foarbyrûn, oant immen it dy oantsjutte. My oerkaam dat fan't maitiid, doe't ik samar ynienen yn de kunde kaam mei it prachtige ferske 'Ier bie oes'. Hjir [...]
18 mei 2015
Achte hear De Rouwe, It wie in hichtepunt yn myn sjoernalistike wurk. Fanôf de parsetribune siet ik te sjen nei de byienfergaderde gemeenteried dy't it drok hie mei it bepraten fan de gemeentelike klachteline. Dy wie no in jier yn de loft - in 24-oers service foar boargers dy't melding meitsje woenen fan dwerse stoeptegels of stank út it strjitrioel. De klachteline wie in grut [...]
3 mei 2015
Achte frou Nagtegaal en hear Terpstra, It is waar fan niks, kâld en ûnlijich. Dus ik jit mysels in buorrel yn. Kin lije, 't is hjoed snein. In dei om it libben te oertinken. Ik proast op jim. Op jim heldere ynsjoch, op jim moed om it ris lûdop en planút te sizzen. Dat it sa net langer kin. Dat we hjir sa stadichoan it [...]
31 maart 2015
ARJAN HUT - In smûke sneontemiddei yn de Prinsetún, mar it waaide en reinde allegeduerigen. De polulieren en platanen hollebatsten hoeden op it grize ritme fan in foarjiersstoarm, de moaie wylgebeam by de fiver die lykwols net mei: hielendal koartfike. It paviljoen fan restaurant De Koperen Tuin siet goed fol mei besikers foar de 5e edysje fan it Sirkwy Sympoasium, mei as tema 'Fryslân en [...]
23 maart 2015
Achte hear Jorritsma, Samar ynienen moast ik hjoed oan jo tinke. En dat wie frjemd, want ik hie de ôfrûne dagen hielendal net oan jo tocht. En dat wie ek wer frjemd, want it wie dochs echt de wike fan de provinsje. Ja, wêr wienen jo eins? Oké, jo sille grif fine dat in CdK yn ferkiezingstiid boppe de partijen stean moat, mar moat dat [...]
5 maart 2015
ELSKE SCHOTANUS - Ha, de Omrop is der ek. Foar it Deelshûs yn Haskerdiken stiet it autootsje mei dêrop de wurden ‘Dreamen foar Fryslân’. Binnendoar klinkt in in rûzemûzjen fan stimmen op, de kapstok is oerladen fol. Keunst, sa seit de útnoeging, moat in gruttere rol krije yn de hurd feroarjende mienskip. Dat soks gjin nijs is, falt te sjen op it skerm yn de [...]
27 februari 2015
ARJAN HUT - “Do dochst alles op entûsjasme en sa giest troch en troch oant it net mear kin”, sei Grytsje Klijnstra op in gegeven stuit. It petear, dat net al te flot losbrekke woe, gie oer Kulturele Haadsted 2018 en de (ûntbrekkende) kulturele fyzje en it (noch ûndúdlike) belied foar nei 2018. Klijnstra wie de jongste oan tafel, dêr't ek Academie voor Popcultuur-directeur Albert van der [...]
24 oktober 2014
WILLEM VERF - Fryslân is yn 2018 nei alle gedachten in regio dêr’t ûnskuldige keunst fertoand wurdt, in provinsje mei in haadstêd dêr’t foaral ûngefaarlike ‘events’ te genietsjen falle. Dy realiteit twingt him oan my op, ek al kin ik dêr mar min oer. De Provinsje kaam mei it idee om as Kulturele Haadstêd Fryslân yn Europa bekendheid te jaan. De gemeente Ljouwert moast de [...]