• 3 december 2015

    KAREN BIES - Oait wie it myn dream Peter d’Hamecourt op te folgjen, NOS-korrespondint yn Ruslân. De Kâlde Oarloch wie al wat lij wurden, Gorbatsjov hie it oer glasnost en perestrojka en ik studearre Russysk. De kearen dat ik Moskou besocht, wie der in coup-poging, belâne ik yn demonstraasjes en seach ik lege sokkels fan âlde Sovjethelden. Spanning en gefaar, wat wol in sjoernalist noch [...]

  • 3 september 2015

    KAREN BIES -  Ik sit by de Hema yn Drachten mei in moarnsbrochje foar in euro. Omdat der oars niks iepen is, mar ek omdat ik de Hema-kofjecorner gewoan leuk fyn. Om distiid sit dêr de trochsneed fan de Drachtster befolking. Alderein oan de kofje, pubers dy’t foar skoaltiid ôfprate, âlders mei pjutten en fierders kom ik dêr altyd deselde iensume sielen tsjin. Dat tinke [...]

  • 4 augustus 2015

    KAREN BIES -  Alder wurde giet fansels, al hoecht it gelokkich net mear yn itselde tempo as de generaasje fan beppe. Mei op dyn fjirtichste in permanintsje, in keunstgebit, in húshâlding en in korset dat alles byinoar hâlde moat. Tiden binne feroare, en dus sit ik by de kapper anneks ‘schoonheidssalon’, om it húshâldjild ris efkes goed te besteegjen. De salon sit fol en tagelyk [...]

  • 28 juni 2015

    KAREN BIES -   ‘Rekôrtal dielnimmers oer de finish’, stiet op de foarside fan de krante. Oft se rûn, fytst, stept, achterút yn in Daf, of mei griene ferve yn it hier de einstreek helle ha, docht der no even net ta. It wie in moai evenemint en der wie wer in rekôr. En dan wolle wy witte: Hoe lang ha jo der oer dien? Hoe [...]

  • 17 juni 2015

    KAREN BIES -  Om M. hoecht it net. Hy is de keukenprins, makket alle dagen it iten klear en seit dat it yn in nije keuken écht net lekkerder wurdt. Mar ik ha myn nocht fan it âlde lytse oanrjochtje fol smoarge boarden. Wy binne de lêste minsken yn Nederlân dy’t noch mei de hân ôfwaskje. No litte wy dat meastal troch ús bern dwaan, [...]

  • 22 mei 2015

    ARJAN HUT -  It Frysk Diktee waard op woansdei 20 maaie útstjoerd troch Omrop Fryslân, mar de opnamen wienen in dei earder, yn de Steateseal op it Provinsjehûs yn Ljouwert en dat hie grutte konsekwinsjes foar de sfear: ferslachjouwers dy't der graach live by wêze woenen, moasten dagenlang ombelje en harren meast delikate netwurken ynskeakelje om út te finen hoe let it barren krekt begjinne [...]

  • 18 mei 2015

    KAREN BIES -  Oerrock is al in pear dagen lyn, mar ik moat der sels dus ek eem fan bekomme. Alwér mear minsken op it festival, 16 tûzen. In grut sukses dus, mar der binne noch wol wat ferbetterpunten, seit de organisaasje. Se bedoele tink ik foaral de lange rigen foar de taappunten en ferfolgens de toiletpunten. It fjildsje mei de húskes en ‘plaszuilen’ (goed [...]

  • 6 mei 2015

    KAREN BIES -  Lange tiid wenne ik der mar sa’n bytsje op los. Ik hie niks yn de gaten, ik díe mar wat. Myn hûs wie in plak ûnder dak dat net lekt en net siicht. Genôch romte om de rommel des libbens op te slaan. Wat hat in minske mear nedich? Mar no’t ik nei de wenbeurs yn it WTC Expo west ha, wit [...]

  • 7 april 2015

    KAREN BIES -  Dêr sit er wer te wachtsjen op de krommels út it tafelkleed. In swarte lyster, ús eigen húsfûgel. Nettsjinsteande syn kalm en ôfwachtsjend karakter neame wy him Arend, om him dochs wát heldhaftichs mei te jaan. As er klear is mei iten sjongt Arend wer dat it in lust is. Wekker wurde fan sjongende fûgels is fijn, as it libben fierders in [...]