Wêrom it wurk fan Jentsje Popma net yn it Fries Museum hinget

KAREN BIES –  Galery Buitengewoon yn de Wylgen en in tal Fryske skilders fiere aksje foar Jentsje Popma. Dy wurdt dit jier 95 jier en hy fertsjinnet in oersichtstentoanstelling yn it Fries Museum. ‘Hy is der no noch, it soe moai wêze as hy dit noch meimeitsje kin,’ sei galeryhâlder Jitse Sikkema foar Omrop Fryslân. […]

Grunneger wôrst

KAREN BIES –  Mei in kuorfol droege woarsten rin ik lâns de doarren. Trije soarten: Grinzer, dy hat de measte krûdnagel. Drintske, dat is de hurdste. En Fryske, dy wurdt it measte ferkocht. Fryske droege woarst is de sêftste fan de trije. Like sêft as de doarpsbewenners sels. Want op in inkeling nei, dy’t seit dat […]

Amalia

KAREN BIES – Wêr soe se no wer úthingje, ús Amalia. Ik klik op de webside fan Kening fan ‘e Greide. Noch hyltyd yn Spanje! En it is hjoed al 4 maart. Myn foarsizzing wie dat Amalia op 4 maart, kertier oer achten moarns, yn Fryslân oankomme soe. Ik sjoch nei bûten. Se hat grut […]

Funda

KAREN BIES –  Ik klik op de foto’s fan it ferboude pleatske. De keamer hat in balkeplafond en brede finsterbanken. Yn ‘e wenkeuken skynt it sinneljocht op tafel. In studearkeamer mei iepenslaande doarren nei in tún, in tún … Slingerjende klinkerpaadsjes tusken de blommen troch, nei in terras en in sitkûle oan it wetter. In […]

In T. rex foar Anne Schulp

KAREN BIES –  It begûn mei in skelpke fan in fossile inketfisk, dat er as bern fûn op fakânsje. No hellet er it skelet fan in Tyrannosaurus rex fan Amearika nei Nederlân. Anne Schulp fan Snits wurket as paleontolooch en dino-ekspert by Naturalis yn Leiden. Yn 2012 betocht de direkteur fan Naturalis, Edwin van Huis, […]

Gefaar

KAREN BIES – Oait wie it myn dream Peter d’Hamecourt op te folgjen, NOS-korrespondint yn Ruslân. De Kâlde Oarloch wie al wat lij wurden, Gorbatsjov hie it oer glasnost en perestrojka en ik studearre Russysk. De kearen dat ik Moskou besocht, wie der in coup-poging, belâne ik yn demonstraasjes en seach ik lege sokkels fan […]

Stapel

KAREN BIES –  Ik sit by de Hema yn Drachten mei in moarnsbrochje foar in euro. Omdat der oars niks iepen is, mar ek omdat ik de Hema-kofjecorner gewoan leuk fyn. Om distiid sit dêr de trochsneed fan de Drachtster befolking. Alderein oan de kofje, pubers dy’t foar skoaltiid ôfprate, âlders mei pjutten en fierders […]

Kapper

KAREN BIES –  Alder wurde giet fansels, al hoecht it gelokkich net mear yn itselde tempo as de generaasje fan beppe. Mei op dyn fjirtichste in permanintsje, in keunstgebit, in húshâlding en in korset dat alles byinoar hâlde moat. Tiden binne feroare, en dus sit ik by de kapper anneks ‘schoonheidssalon’, om it húshâldjild ris […]

Leuke activiteiten om samen te doen

KAREN BIES –   ‘Rekôrtal dielnimmers oer de finish’, stiet op de foarside fan de krante. Oft se rûn, fytst, stept, achterút yn in Daf, of mei griene ferve yn it hier de einstreek helle ha, docht der no even net ta. It wie in moai evenemint en der wie wer in rekôr. En dan wolle […]

Keukenprins

KAREN BIES –  Om M. hoecht it net. Hy is de keukenprins, makket alle dagen it iten klear en seit dat it yn in nije keuken écht net lekkerder wurdt. Mar ik ha myn nocht fan it âlde lytse oanrjochtje fol smoarge boarden. Wy binne de lêste minsken yn Nederlân dy’t noch mei de hân […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.