• 17 september 2013

    WILLEM WINTERS -  Mienskip! Dat joech de trochslach. Ljouwert KH 2018! Mienskip! De sjuery wie unanym: de Mienskipsgedachte, dat is wat nedich is! By it wurd Mienskip begûn der eat yn my te triljen. Eat dat al hiel lang yn djippe rêst wie. Ik waard wekker, sa fielde it: 'Dit is myn kâns, dit is ús kâns. Wy, de lêste sosjologen. Wy dy’t yn de [...]

  • 28 augustus 2013

    EELTSJE HETTINGA -  ‘As ik de keunst net hie, soe ik pas werklik fergean.’   In bankje oan it hôf fan de Bonifasjustsjerke yn Aldeberkeap, dêr’t de jierlikse keunstrûte ‘De open stal’ syn beslach kriget. Midsimmer. Trije pratende skilders. Under harren byldzjend keunstner Sies Bleeker (1941), dy’t yn 1964 syn earste útstalling hie by galery Van Hulzen yn Ljouwert en waans minimalistysk en abstrakt wurk [...]

  • 25 juni 2013

    Oan Jannewietske de Vries, Dep. Kultuer Fryslân – Ljouwert Pieter Steinz, Directeur Nederlands Letterenfonds – Amsterdam Bert Looper, Directeur Tresoar – Ljouwert Hendaye-Frânsk Baskenlân/Ternaard-Fryslân, 25 juny 2013. Achte De Vries, Steinz en Looper, wy – in tal Fryske skriuwers – ha mei ferbjustering kennis nommen fan de list fan 10 Fryske boektitels sa’t dy op de Frankfurter Buchmesse yn de hjerst fan dit jier presintearre [...]

  • 8 mei 2012

    De vermarkting van het Frysk-eigene Us provinsje liket fersyld rekke yn in permaninte prakkesaasje oer har identiteit. Taal, lânskip, ferline, folksaard – de vintage trademarks fan it Frysk-eigene binne hieltyd mear it spylfjild wurden fan bestjoerders, marketeers en transysjemanagers. Lykop rinnend mei in mondiale trend hat it bêste lân fan d'ierde de postmoderne oerstek makke fan nation building nei nation branding. In ferhaal hoe't Fryslân [...]

  • 14 februari 2012

    Wolle Ljouwert en de provinsje Fryslân har kandidaat stelle foar de titel fan Europeeske Kulturele Haadstêd 2018 op basis fan in (nije) dubieuze folksnasjonalistyske ideology? Dat is ien fan de ûnderlizzende fragen by it pamflet De folksnasjonalistyske taal en retoryk achter Fryslân 2040 en KH-2018, nr. 1 yn de searje Perio-pamflet. It earste eksimplaar derfan wurdt útrikt oan deputearre Jannewietske de Vries, no freed, 17 [...]

  • 18 november 2011

    Fjouwer jier lyn alwêr, spruts Jannewietske de Vries foar it earst har fisioen fan Fryslân út as kulturele haadstêd fan Europa yn 2018. Mei o sa grutte ambysjes, sa gong de riddenaasje, kin de provinsje hielendal omtsjoend wurde yn in kreative kennisekonomy. Mar Fryslân2018 kampt mei ûnfoltôge foarnimmens, ôfbroazeljende stipe yn 'e polityk en in noch altiten skriel draachflak. Wylst de polityk hjoed kedize sil [...]

  • 10 november 2011

    Achte oanwêzigen/Bêste minsken, It moat my mar fuortendaliks fan it hert: einlings hat Durk van der Ploeg de Gysbert Japicxpriis! Gelokkich, ik kin net oars sizze. At der ien de priis fertsjinnet, dan Van der Ploeg. Alle kearen neamd, nea wûn. Wat wie ik bliid dat ik Durk van der Ploeg lêsten moarnsbetiid belje mocht om him te fertellen dat er dizze priis krije soe. [...]

  • 11 oktober 2011

    foto: Linus Harms UPDATE, Tiisdei 15:27: Fan Matthé ten Wolde, bestjoersadviseur fan deputearre Jannewietske de Vries: "Skriuwer, dichter en essayist Durk van der Ploeg is de winner fan de Gysbert Japicxpriis 2011." GYSBERT EN DE FRUCHT FAN DE FRYSKE YNSTITUSJONALISEARRING “Wy hawwe as sjuery oanjûn dat wy ree wienen om in shortlist op te stellen, mar noch Tresoar noch de provinsje binne dêr [...]

  • 16 november 2010

    ERNST BRUINSMA - It is net langer ús eigen fiksje, Fryslân is no wier de moaiste provinsje. Dy ‘deconfiture’ hawwe wy te tankjen oan de Vereniging Nederlands Cultuurlandschap (VNC), dy’t ûndersyk dien hat nei ‘landschap, cultuurhistorie, biodiversiteit, grondwater & bodemgesteldheid en natuur & bosbeheer’. Neffens VNC-direkteur Dirkmaat hawwe wy dy twiveleftige ear te tankjen oan it feit dat ‘Friezen, in een relatief dun bevolkte provincie, [...]