• 31 juli 2020

    KAREN BIES -  Yn syn film ‘Enjoy poverty’ toant keunstner Renzo Martens hoe’t earmoed yn Afrika in ekonomyske wearde hat. Grutte bedriuwen, mar ek helporganisaasjes, sjoernalisten en keunstners fertsjinje deroan. Earmoed is in boarne fan ynkomsten. Lykwols, de earmen bliuwe earm. Yn ‘Enjoy Poverty’ sjochst honger, geweld, ferwoesting en gjin útsicht op ferbettering. ‘Oan de ein fan de film sitst mei lege hannen’, seit Janke [...]