• 28 maart 2014

    GERBEN DE VRIES - Foar't ferdwynt: Vegter yn Fryslân (en derbûten) Doe’t ús pake begjin jierren santich fan de foarige ieu nei It Hearrenfean ferhuze, giene wy as bernsbern wolris mei him mei nei syn tsjerke oan de Europaleane. Dat wie in nij bouwurk, hiel wat oars at wat wy wend wiene. In soartemint sporthal mei wat op in klokketoer like derneist. Sels it oargel [...]