II. De kikkert en de flinter, yn: Oermacht

Op it pompeblêd siet in kikkert en in eintsje fierder de flinter op in swanneblom. De kikkert blies sokke prachtige bellen oan wjerskanten fan syn bek dat er wat fan in generaal weikrige en begûn te kwekkerjen as spruts er in leger ta. Doe eage er nei de flinter en frege spytgnyskjend: ‘Kinsto dat?’ De […]

Gjin hâld oan âld en nij

HARMEN WIND –  1. Lost generation De hûnsdagen (2006) foarmet op it oeuvre fan Durk van der Ploeg de nijste oanfolling. Dy, foarmtechnysk prachtich fersoarge, histoaryske roman of novelle (beide beneamings wurde jûn), spyljend yn 1954/1955, beskriuwt de relaasje fan in jonge plattelânsman mei syn heit dy’t stjert, en mei in ambisjeuze studinte. In gefoels- […]

III. De protter en de ko, yn: Nuttich

‘Goeie, ko,’ sei de protter. ‘Hâldst it noch wat kôgjende?’ De ko slokte en grommele: ‘Wat moat dat, lyts bretaaltsje?’ ‘Do weidest hiel wat ôf,’ gong de protter fierder, ‘foar dy pûde molke en dy hûd fol fleis.’ De ko swypke yn ien klap trije miggen dea en grânzge: ‘Hasto wolris in traap fan in […]

XIII. It iikhoarntsje en de spjocht, yn: It Boadskip

HARMEN WIND –  ‘Wa seist dat kloppe?,’ frege it mantsje. Mei syn kastanjebrune plomsturt wiuwde er himsels en it wyfke koelte ta. It wie near yn it ferboude ûlenêst. ‘Dy bûnte!,’ snaude se, ‘dat hammeret mar gatten yn ús beam, in ûnderminende misliksma is it. Noch even, dan stekt er syn snaffel yn ús keamer!’ […]

V. De snoek en de ielreager, yn: Moederaasje

HARMEN WIND –   Maitiid. De sinne berikte alwer in nij hichterekord en krong dêrby troch ta de djipte fan it jachtgebiet fan de snoek, de sânige boaiem dêr’t it grien noch frijwol op ûntbriek. De sleat lei derby as in ljochtbak. Ungenedich sichtber hong dêr de rôver. Foar skut. De kommende wetterflok hie har […]

‘Mei it bloed yn ’e klompen’

HARMEN WIND –  1. Fenomeen Ik haw in foarkar foar it oare, it eksperimentele, it avantgardistyske, it absurde, it kreative en it ferfrjemdzjende proaza (c.q. poëzy), omdat dêre de skriuwer himsels, de wrâld, de taal en it wurk yn diskusje bringt – yn de foarm fan it literêre einprodukt (roman of gedicht). Kontraliteratuer dus. Keunst […]

‘Mei it bloed yn ’e klompen’

HARMEN WIND –    Fenomeen Ik haw in foarkar foar it oare, it eksperimentele, it avantgardistyske, it absurde, it kreative en it ferfrjemdzjende proaza (c.q. poëzy), omdat dêre de skriuwer himsels, de wrâld, de taal en it wurk yn diskusje bringt – yn de foarm fan it literêre einprodukt (roman of gedicht). Kontraliteratuer dus. Keunst […]

De krêft fan kwetsberens

HARMEN WIND –  1. pak van sjaalman Daliks oanslutend op de poëzybondel Ritueel (2005) ferskynde It útsjoch (2005) fan Piter Boersma. De oerienkomst yn tematyk is opfallend. Der is dêrneist ek dúdlik in relaasje mei de roman It libben sels (1997), dêr’t er in jier letter de GJ-priis mei wûn. Sels seit er dêr yn dit […]

Piter Boersma rint himsels nei

HARMEN WIND – 1. Titel Ritueel. Wat ropt de titel fan de nijste bondel fan Piter Boersma op? Neist fêstleine en foarskreaune aktiviteiten om (hichtepunten yn) it libben te oarderjen, sin te jaan en behearskber te hâlden, betsjut it: it fêste patroan fan ien syn dwaan en litten. Der sit dus in spanning yn tusken it boppe-persoanlike […]

Lijen oan it libben yn feelgood-fersen

HARMEN WIND – 1. Twa kanten Oan ien kant is de debútbondel fan Mindert de Wit fan dizze tiid. De gedichten ha te krijen mei de de dichter sels, of better: syn lyryske ik. It giet om persoanlike ûnderfinings: de dichter wurdt wekker, de dichter rydt yn ’e auto, de dichter besûpt him, de dichter […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.