Ivige rom

SJOERD BOTTEMA –  Fan ’t simmer ferstoar de dichter Hans Vlek, tweintich jier nei it ferskinen fan syn lêste bondel. In grut part fan syn libben reizge er hinne en wer tusken ferskillende psychiatryske ynrjochtingen. Yn 2001 waard in dokumintêre oer him makke, dêr’t er him geregeld yn oerjoech oan ûnfersteanber mompeljen en tsjustere assosjaasjes. […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.