• 7 april 2011

    Maaiefakânsje 2010, Gita Hacham jout in kursus toanielskriuwen oan de Jeugdteaterskoalle. De opdracht: skriuw in monolooch oer dysels. De einpresintaasje leveret ferbjustere reaksjes op. Foaral by de âlden fan de dielnimmers. Dat is wol hiel persoanlik. Reden genôch foar artistyk lieder Hilde Mulder om Hacham in goed jier letter nochris út te noegjen. De opdracht: meitsje fan it rûge materiaal fan ferline jier in toanielstik. [...]