• 10 oktober 2013

    GERBEN DE VRIES - Yn febrewaris 1825 wiene der grutte oerstreamingen yn Fryslân, Grinslân en Oerisel. Ek eilannen as it Amelân stiene sawat hielendal ûnder wetter. It wetter fan de Noardsee soarge al ieuwen lang foar problemen. De Sudersee waard aloan grutter. Omdat dizze Sudersee ûndjip wie – faak net mear as ien meter djip – wie de farwei fan de Noardsee nei Amsterdam gauris [...]

  • 30 september 2013

    GERBEN DE VRIES – De lêste kear dat ik nei it Fries Museum gie, wie ik in jier as tolve, trettjin. Der is my fan dat tripke nei Ljouwert net safolle bybleaun, útsein it Swurd fan Grutte Pier. Hy hjitte oars doe noch Greate Pier. Ik bin nea wer yn it gebou oan de Twabaksmerk west. Wêrom eins net? In goede fraach. Yn alle gefallen [...]

  • 27 september 2013

    GERBEN DE VRIES -   Dit jier is it fyftich jier lyn dat de feriening De Fryske Waedrinners oprjochte waard. Dat barde op 15 septimber 1963. Al hûnderten jierren rûnen der by gelegenheid  minsken op it waad. Bygelyks nei de Kalkman (Engelsmanplaat), Skiermuontseach of it Amelân. Dat barde benammen by ekstreem lege wetterstannen of yn ‘e winter, as minsken ‘skoskerinnend’ oer it iis gean koene. It [...]

  • 23 september 2013

    GERBEN DE VRIES -  Lang lyn studearre in goede maat mei my skiednis. Yn it tredde jier fan ús stúdzje hiene wy in wurkkolleezje ‘Ferset yn Europa’, oer de foarmen fan ferset tsjin it nazirezjime yn ferskate besette lannen. Hy soe it ferset yn Hongarije, Roemenië en Tsjecho-Slowakije ûndersykje. Omdat er ek oare dingen belangryk fûn, beheinde er him mar ta it ferset yn twa [...]

  • 9 september 2013

    GERBEN DE VRIES -  In maat fan my miende oait in soad te witten fan it Romeinske Ryk. Op myn fraach oft er dan bygelyks The history of the decline and fall of the Roman Empire fan Edward Gibbon lêzen hie antwurde er: 'Nee, mar wol de romans Macht en Liefde en De Kroon van Gras fan Colleen Mc Cullough!' Okee, hy is wat in [...]

  • 22 augustus 2013

    GERBEN DE VRIES -  Yn juli 2012 kamen der foto’s boppe wetter fan in eksekúsje yn oarlochstiid, 1947, Sumatra. Noch net sa lang lyn bekende in man dat er der by west hie. Ik wit net krekt oft dizze Harrie N. doedestiids ek in deiboek byholden hat, omdat er noch sa presys wist dat de eksekúsje plak fûn hie by it doarpke Gedong Tataan. Ik [...]

  • 9 mei 2013

    GERBEN DE VRIES - It wie de wiete dream fan de Nederlânske yngenieurs en boeren fan fuort nei de oarloch. Lis in dyk om in stik wetter, meitsje der in droege polder fan en foarmje grutte, liniaalrjochte kavels lânbougrûn: de dream fan in yngenieur. Dan dy fan de boer: gjin lytse stikjes grûn mear yn it âlde lân, mar tenei buorkje op nije en tige [...]

  • 17 april 2012

    HotSum is in nij útjou-inisjatyf fan Ytsje Hoekstra, Gerben de Vries, Jetske Bilker en Abe de Vries. HotSum wol reagearje op ferletten yn de praktyk fan it Frysk skriuwen en útjaan. It útjaan fan poëzij hinget der sa njonkelytsen in bytsje by. Leaver net as al, is it sinjaal fan útjouwers. Ek is in tal útjouwers wilens ferdwûn. HotSum wol hjir in nij perspektyf biede. [...]