De daam nei it Amelân (6)

GERBEN DE VRIES –  De hjerststoarmen fan 1881 en 1882 hiene in ein makke oan de daam fan Teding van Berkhout tusken Holwert en it Amelân. De mei dizze dyk bedoelde lânoanwinning – op langere termyn sels fan de hiele Waadsee – gie dus net troch. Ynsjeneur Cornelis Lely rekkene in tal jieren letter yn […]

De daam nei it Amelân (5)

GERBEN DE VRIES – Yn 1879 wie de daam nei it Amelan klear en koe de provinsjale subsydsje ynkassearre wurde. Der wie in frij soad onaslibbing oan wjersiden fan de dyk, safolle dat der no tocht wurde koe oan twa oare diken om it waad tusken it eilân en de fêste wâl fan Fryslân yn […]

De daam nei it Amelân (4)

GERBEN DE VRIES – Yn de 19e ieu waarden der ferskiedene plannen makke om de Fryske fêste wâl te ferbinen mei it Amelân, mei as foarnaamste doel letter stikken waad yn te polderjen. Dat krekt dit eilân sa faak yn byld wie kaam troch de lytse ofstân nei it fêstelân: noch gjin 9 kilometer. As […]

De daam nei it Amelân (3)

GERBEN DE VRIES – Nei de emigraasje fan Worp van Peyma nei de Feriene Steaten yn 1849 publisearren freonen syn rapport oer in daam nei it Amelân. Underwilens waard op it eilân tusken 1846 en 1851 de Moldyk oanlein, letter yn dat desennium folge troch in stiennen daam ter hichte fan de Ballummerbocht. It gefaar […]

De daam nei it Amelân (2)

GERBEN DE VRIES – Yn febrewaris 1825 wiene der grutte oerstreamingen yn Fryslân, Grinslân en Oerisel. Ek eilannen as it Amelân stiene sawat hielendal ûnder wetter. It wetter fan de Noardsee soarge al ieuwen lang foar problemen. De Sudersee waard aloan grutter. Omdat dizze Sudersee ûndjip wie – faak net mear as ien meter djip […]

It Fries Museum in lêsmuseum?

GERBEN DE VRIES – De lêste kear dat ik nei it Fries Museum gie, wie ik in jier as tolve, trettjin. Der is my fan dat tripke nei Ljouwert net safolle bybleaun, útsein it Swurd fan Grutte Pier. Hy hjitte oars doe noch Greate Pier. Ik bin nea wer yn it gebou oan de Twabaksmerk […]

In daam nei it Amelân (1)

GERBEN DE VRIES –   Dit jier is it fyftich jier lyn dat de feriening De Fryske Waedrinners oprjochte waard. Dat barde op 15 septimber 1963. Al hûnderten jierren rûnen der by gelegenheid  minsken op it waad. Bygelyks nei de Kalkman (Engelsmanplaat), Skiermuontseach of it Amelân. Dat barde benammen by ekstreem lege wetterstannen of yn ‘e […]

Breuker-Boazum-Greidhoeke-Fryslân

GERBEN DE VRIES –  Lang lyn studearre in goede maat mei my skiednis. Yn it tredde jier fan ús stúdzje hiene wy in wurkkolleezje ‘Ferset yn Europa’, oer de foarmen fan ferset tsjin it nazirezjime yn ferskate besette lannen. Hy soe it ferset yn Hongarije, Roemenië en Tsjecho-Slowakije ûndersykje. Omdat er ek oare dingen belangryk […]

De Treastfûgel fljocht tusken feit en fiksje

GERBEN DE VRIES –  In maat fan my miende oait in soad te witten fan it Romeinske Ryk. Op myn fraach oft er dan bygelyks The history of the decline and fall of the Roman Empire fan Edward Gibbon lêzen hie antwurde er: ‘Nee, mar wol de romans Macht en Liefde en De Kroon van […]

In âlde kriichsheld

GERBEN DE VRIES –  Yn juli 2012 kamen der foto’s boppe wetter fan in eksekúsje yn oarlochstiid, 1947, Sumatra. Noch net sa lang lyn bekende in man dat er der by west hie. Ik wit net krekt oft dizze Harrie N. doedestiids ek in deiboek byholden hat, omdat er noch sa presys wist dat de […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.