De mankelikens fan in bûtensteander?

GERBEN DE VRIES – It is al even lyn, mar yn it West-Flaamske Heuvelland bin ik in kear as wat konfrontearre mei de identiteit fan Fryslân en/of de Friezen. Ien foarfal is te flau, mar ik sil wol twa oare anekdoates fertelle. Wy giene mei in ploech minsken nei it Folksfestival fan Dranouter. Mei syn […]

God yn Frisia

GERBEN DE VRIES –   In jier as alve lyn wie ik op fekânsje yn Brasilië, yn ien fan de moaiste natoergebieten fan de wrâld. Dêr yn de Pantanal koene wy op de fazenda van Bonifacio ûnder mear hynderride tusken de kaaimannen en de kapibara’s. Ik ha my doe fansels wolris ôffrege oft de boer eins […]

Fryske skiedskriuwing

GERBEN DE VRIES –  De skiedskriuwing oer Fryslan en oer Fryske saken en ûntjowingen is eins noch mar koartlyn professionalisearre. Alteast, dat beweare in tal gelearde mannen yn de bondel Geschiedschrijving 1900-1940, in het bijzonder over Friesland, en ik tink dat hja dêr wol yn gelyk yn hawwe. Oan de oare kant is it ek wer […]

In moai soadsje

Keunstner: Michael Berkhemer

GERBEN DE VRIES –  In liber amicorum is per definsyje in soadsje. Liber amicorum, freoneboek, feestbondel: it giet yn hast alle gefallen om it ôfskied fan in wittenskipper of in besjoerder en de bydragen binne fan kollega’s, meiwurkers en freonen. Yn tsjinstelling ta ‘normale’ bondels of samlingen opstellen hoege de artikels net oer ien bepaald […]

De folkshegeskoalle en de Kameleon

GERBEN DE VRIES –  Mei sa’n 15 miljoen boeken oer De Kameleon is Hotze de Roos sûnder mis de bêst ferkochte skriuwer fan Nederlân. Ferjit Annie MG of Dan Brown, dy sille dy oantallen nea berikke. De healwize aventueren fan Hielke en Sietse Klinkhamer, Gerben Zonderland, Kees Dijkstra, fjildwachter Zwart en oaren hawwe sûnt 1948 […]

Goud!

GERBEN DE VRIES –  Hast elkenien dy’t it slik fan de Waadeilannen bydel rint, hopet oait wat fan wearde te finen. In ring, in juwiel, in sulveren of gouden munt. It komt ek noch altiten foar dat der yndie wat wichtichs tusken it seewier, plestik en âlde skuon fûn wurdt. Sa fûn yn 1997 in skoaljonge út Winterswijk […]

Het Grote Jaren 60 Boek

GERBEN DE VRIES –  De fraach oft der yn de jierren sechtich yn de iene stêd, gemeente of provinsje mear barde as yn in oare, is lêstich te beantwurdsjen. It giet der benammen om wêr’t nei sjoen wurdt, nei allegear losse eveneminten of dochs mear nei de grutte linen, it gruttere ferhaal. Hat Fryslân mear […]

Sneuper, folksdichter en stientsjesiker

GERBEN DE VRIES –  Doe’t ik foar it earst oer dit boekje hearde, tocht ik dat it in saneamd libbensferhaal wie. In nij sjenre wêrby’t in semi-profesjoneel skriuwer of it ferhaal fan it libben fan in net sa’n ferneamd persoan út eigen mûle optekenet. Dat koe yn dit gefal al even net mear, want Geart Jabiks […]

De skiednis fan it Waadgebiet

GERBEN DE VRIES –  Oer it Waadseegebiet binne miskien gjin bibleteken, mar seker wol in stikmannich boekekasten fol skreaun. De measte lêzers realisearje it har nei alle gedachten hjoeddedei net dat de belangstelling foar dit gebiet – de eilannen, de Waadsee, de kustlinen fan benammen Fryslân en Grinslân – yn histoarysk opsicht fan resinte datum […]

De reisboeken fan Gerrit Jan Zwier

GERBEN DE VRIES –  Alle jierren komt der in bulte reisboeken en reisgidsen út. Ik wit it net presys, mar neffens my is der noch noait wiidweidich ûndersyk dien nei de lêzers fan dizze boeken. By de reisgidsen hoecht dat ek net: dat binne meastentiids lêzer dy’t boeken sykje oer in bepaald lân of bepaalde stêd, […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.