• 23 mei 2014

    Ik bin op it stuit dwaande mei lytse typografyske 'tûke-eksperiminten’ om te sjen op hokker wize ik mei dizze tûken de letter ’g' meitsje kin.                

  • 15 april 2014

    Ik haw keazen foar de letter ‘g’. Ik fyn dit ien fan de moaiste letters fan it alfabet, benammen troch de rykdom oan ferskate foarmen. Ik bin fan doel de letter foarm te jaan mei tûken. Op it stuit bin ik hjirmei oan it eksperimintearjen. Uteinlik is it plan om de letter yn it bosk fan Gaasterlân op grut formaat meitsjen.