We hebben het wél in de vingers

Voor menigeen zal gelden dat, wanneer je het hebt over vormgeving of design, Fryslân nou niet het eerste is waar je aan denkt. Sterker nog: op de kaart van Nederland waar de regio’s voor de creatieve industrie zichtbaar worden gemaakt (Advies Topsector Creatieve Industrie pag. 4) is Fryslân een onontgonnen gebied. Of is het een […]

Saved by the Bill

Noch eefkes, dan klinkt it heechheaze lûd fan Bill Clinton fier yn it Frysk yn ’t rûn. Yn Achlum sil de man sprekke oer de steat en de takomst fan ús lân. Ja, dan moatte jo krekt by ús wêze. As hy wat oanavesearret mei syn praatsje, kin er miskien noch wat om him hinne […]

Kûbaard Kultureel Haaddoarp 2018

Noch mar sân jier en dan is it safier. Nei Istanboel, Pécs en Essen yn 2010, Turku en Tallinn yn 2011 en stêden as Marseille en Riga sil Fryslân yn 2018 de kulturele haadstêd fan Europa wêze. Yn dat jier sil bliken dwaan dat de Nederlânske konkurrinten De Haach, Utert en Maastricht net tsjin de […]

Sosjale media yn Fryslân as generaasjeprobleem

Sosjale media binne foar Fryslân net in bedriging, mar in ferriking. Sy hawwe de potinsje om op krachtige wize de mienskip te fersterkjen en it draachflak foar dy mienskip te ferbreedzjen. 1    Wêr’t it begûn: 1995 It wie yn de simmer fan 1995 en ik hie in baan by in grutte gemeente yn it easten […]

Fiksje

ERNST BRUINSMA – It is net langer ús eigen fiksje, Fryslân is no wier de moaiste provinsje. Dy ‘deconfiture’ hawwe wy te tankjen oan de Vereniging Nederlands Cultuurlandschap (VNC), dy’t ûndersyk dien hat nei ‘landschap, cultuurhistorie, biodiversiteit, grondwater & bodemgesteldheid en natuur & bosbeheer’. Neffens VNC-direkteur Dirkmaat hawwe wy dy twiveleftige ear te tankjen oan […]

Erfgoed, identiteit en polityk yn Fryslân

BERT LOOPER – It wie spannend yn Fryslân yn dy lêste wike fan maaie 2010. De finansjeel-ekonomyske krisis trof it lân. De oerheden makken har op om mei hurde maatregels de problemen te wjerstean. Wat soe de provinsje Fryslân dwaan? Fansels: kearntaken, ynfrastruktuer, oer datsoarte fan saken soe it grif gean. Mar hoe soe it […]

Fotograaf Stephan Vanfleteren

MARITA DE JONG  –  ‘Ik streef naar een zo sober mogelijk beeld’ Stephan Vanfleteren (Kortrijk 1969) is in ferneamd fotograaf yn België. Hy studearre fotografy oan de Hogeschool Sint Lukas yn Brussel. Vanfleteren wie de fêste fotograaf fan De Morgen en publisearre ek yn magazines as Paris Match, Die Zeit, The Independent, Le Monde en […]

Pamflettestriid yn de santjinde ieu

ARJEN DIJKSTRA – Oan ’e ein fan de jierren njoggentich fan de santjinde ieu fochten guon auteurs fan Frysk komôf in fûle pamflettestriid út. De kwestje dêr’t hja harren oer opwine liket op it earste each benammen in lestich technologysk probleem en net mear as in botsing tusken in gelearde professor en in praktysk ynstelde […]

De bibleteek fan Philippus Breuker

ERNST BRUINSMA & BAUKJE WYTSMA – Philippus Breuker (1939) is berne yn Skingen. Wenne mei heit en mem en fiif jongere broers op in lyts boerespul yn dat doarpke. Heit hie fyftjin kij en wat bou. Nei de HBS soe er studearje yn Wageningen, mar moast dy stúdzje al nei in pear wike ôfbrekke omdat […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.