De krêft fan in Frysk tsjerkeliet

NYNKE VAN DER ZEE –  Stifting Krúspunt siket in nij orizjineel Frysk peaskeliet. Dit nije tsjerkeliet is bedoeld foar de hiele mienskip, mar hoecht net perfoarst in gemeenteliet te wêzen. In sololiet, of liet foar in gospelgroep of koar is ek tastien. Mei de priisfraach wol Krúspunt fan ûnderen op stimulearje dat de minsken sels mei […]

‘Ik vind het logisch om in het Antwerps te zingen’

MAAIKE FLOOR –  Van een hobbygroep werd de Antwerpse band Fixkes in 2007 ineens een veelgevraagde band op grote festivals. En dat dankzij de breekbare liedjes in het Antwerps van frontman Sam Valkenborgh. Ondertussen hebben de Fixkes met Weeral halfacht hun derde cd uit. Zaterdag 29 november spelen ze op Explore the North in Leeuwarden. […]

Eppie Dam skriuwt syn eigen Frysk

FRIDUWIH RIEMERSMA –  De arguminten yn it debat oer de foarnommen staveringsherfoarming en standertwurdlist rinne útinoar tusken fakgebieten. Dat is logysk mar lestich; it draacht net by oan oersjoch op de kwestje. It soe sa moai wêze as immen my syn stânpunten útlizze koe dy’t ferstân hat fan de deistige praktyk fan it ûnderwiis, dy’t […]

De mankelikens fan in bûtensteander?

GERBEN DE VRIES – It is al even lyn, mar yn it West-Flaamske Heuvelland bin ik in kear as wat konfrontearre mei de identiteit fan Fryslân en/of de Friezen. Ien foarfal is te flau, mar ik sil wol twa oare anekdoates fertelle. Wy giene mei in ploech minsken nei it Folksfestival fan Dranouter. Mei syn […]

Tegeltsjewiisheid

HENK WOLF –  Koartlyn skreaunen de tige wurdearre kollega-taalkollumnisten fan Taalbaas in stikje mei de titel Tegeltsjeswiisheid. Ik seach dêr efkes wat nuver tsjin oan. Ik soe tegeltsjewiisheid sizze, sûnder dy tusken-s deryn. Ik ha de Grammatica Fries fan Jan Popkema der efkes by pakt. Dy seit yndied dat yn it Frysk yn sokke gearstalde […]

KH2018 wurdt in froed feestje

WILLEM VERF –  Fryslân is yn 2018 nei alle gedachten in regio dêr’t ûnskuldige keunst fertoand wurdt, in provinsje mei in haadstêd dêr’t foaral ûngefaarlike ‘events’ te genietsjen falle. Dy realiteit twingt him oan my op, ek al kin ik dêr mar min oer. De Provinsje kaam mei it idee om as Kulturele Haadstêd Fryslân […]

Dyn taalgedrach en mines

HENK WOLF –  Yn meartalige situaasjes folgje minsken faak aardich strakke regels om te kiezen tusken de iene taal en de oare. Dat binne gjin regels dy’t op papier steane. It slagget minsken ek lang net altyd om se ûnder wurden te bringen, mar se witte wol presys wannear’t se oertrêde wurde. Ik waard my […]

Brandewijnkommen met opstaande oren en wulpse avondmaalsbekers

DIRK VAN GINKEL –  Eerder deze week werd in De Harmonie te Leeuwarden het standaardwerk ‘Fries Goud en Zilver’ gepresenteerd. Drie delen in cassette, acht kilo zwaar, meer dan 1000 pagina’s dik en bulkend van de illustraties: zo’n 1250 stuks. Redacteur is prof. dr. Joh. Ter Molen, de initiatiefnemer en inspirator is de Ottema-Kingma Stichting […]

Striptekener Skelte Braaksma

NYNKE VAN DER ZEE –  “Ik bin der fan oertsjûge dat ik hjir myn wurk fan meitsje kin” Op de earste stripbeurs fan it noarden presintearre striptekener Skelte Siweris Braaksma (18) út Marrum sneon 17 maaie diel twa fan it stripboek FKP. De striid tusken de Fryske Kommunistische Partij ûnder lieding fan Oane Sytsma en […]

Mei horror it Frysk lêzen befoarderje

WENDY KENNEDY –  “Der wurdt ien wekker yn it folsleine tsjuster en der is wat mei in skacht en in slinger dat hiel eng is. Mear sis ik net want dan ferklap ik it hiele ferhaal”, fertelt Bert-René Luimstra oer it earste boek dat de nije útjouwerij fan Fryske boeken, Regaad, útjout. Luimstra is ien […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.