Jephta de Visser: ‘Ik mei in jier lang dichtsje foar de Ryksuniversiteit Grins’

FROUKJE SIJTSMA –  In grutte ferrassing is it foar de 21-jierrige Jephta de Visser út Warten at se heart dat se útroppen is ta húsdichter fan de Ryksuniversiteit fan Grins. ‘ Ik hie al in pear jier gjin gedichten mear skreaun, doe’t ik hearde oer de oprop dat der in nije húsdichter socht waard. ’ […]

‘Kieze tusken de twa grutte passys yn myn libben? Ik doch beide!’

FROUKJE SIJTSMA –  ‘In bus is in bysûnder objekt’, raast Folkert Wesseling yn syn rol as bussjauffeur troch de oldtimerbus hinne. Sa’n tweintich minsken hawwe harren sammele foar de teaterbustoer, dy’t by it Nasjonaal Iepenbier Ferfier Museum yn Ousterhaule begjint. ‘In bus rydt krekt wat oars as in auto, fyts of trein’, giet de jonge […]

UIT-festival Ljouwert yn in nij jaske

FROUKJE SIJTSMA –  ‘In nije namme, in nije organisaasjestruktuer, mar it idee fan ús kultureel festival bliuwt gelyk’. Sa omskriuwt saaklik lieder Siart Smit it UIT-festival dat op 31 augustus 2014 holden wurdt yn en om de Prinsetún fan Ljouwert. It UIT-festival is in inisjatyf fan de Ljouwerter kulturele ynstellings dy’t op feestlike wize it […]

Bonifatius de Musical

FROUKJE SIJTSMA – Sûnder leafde gjin leauwe. It is hast njoggen oere yn de jûn en it begjint bûten al te skimerjen. By de yngong fan de Bonifatiuskapel stean nonnen yn wite gewaden dy’t de minsken wolkom hjitte yn de achtste ieu nei Kristus. Yn de tiid fan misjonaris Bonifatius, dy’t yn 754 – of […]

Kultureel ûndernimmerskip

FROUKJE SIJTSMA –  Bûten de bewende paden doarre te tinken en midden yn de mienskip stean. Dat binne neffens de ûndernimmers Gelly Talsma en Hilda Boesjes-Beljon twa belangrike yngrediïnten foar suksesfol ûndernimmerskip yn de kulturele sektor. De twa froulju binne al jierrenlang warber op it mêd fan keunst en kultuer. Talsma as direkteur fan De […]

“Honden- en kattenheimwee, de mens lijdt aan beide.”

FROUKJE SIJTSMA –  It ûnthâld en herinnerings, it binne bysûndere ferskynsels. It ûnderwerp fassinearret Douwe Draaisma, bysûnder heechlearaar yn de skiednis fan de psychology oan de Ryksuniversiteit Grins, al jierren. Yn 2010 ferskynde it boek ‘De Heimweefabriek. Geheugen, tijd & ouderdom’ oer wat de tiid en it âlder wurden docht mei it ûnthâld, mar ek […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.