• 10 februari 2015

    EELTSJE HETTINGA -  Yn 1956 joech Jo Smit de novelle Sûnder sûker yn it ljocht, in kostlik gekoanstekkerich ferhaal oer in nasjonalistyske beweging, dy’t der lang om let yn slagget om har separatistyske doelen wier te meitsjen. Yn it fierhinne as monolooch fertelde ferhaal, dat him ȏfspilet yn in kroech, docht in net by namme neamd haadpersoan syn relaas oer de beweging oan iene Kaspersma. [...]