Een trein later

No tongersdei 26 febrewaris om 16.30 oere is it wer tiid foar in ynspirearjend tafelpetear. Diskear te gast binne: foarmjouwer en keunstkritika Grytsje Klijnstra, direkteur Academie voor Popcultuur Albert van der Kooij en kollumnist en programmamakker Bart Kingma. In oerke frij lusterje nei entûsjaste sprekkers oer boeken en kultuer! Een trein later is in ynisjatyf […]

Een trein later

ARJAN HUT –  Bûten stoarme de winter om it Ljouwerter stasjon, mar nettsjinsteande it waaralaarm streamde de boppekeamer fan Kafé Wouters tsjin fiven moai fol foar de twadde edysje fan ‘Een trein later’. It wie dan ek poëzydei, in dei dat de wiere kulturele fynpriuwers, de leafhawwers fan it marzjinale en de fuortstipers fan it […]

Een trein later

Een trein later hat fertraging oprûn. Spitigernôch kin de earste edysje fan dizze gearwurking tusken de Moanne en De Culturele Onderneming op tongersdei 23 oktober net trochgean. Der lizze te folle blêden op it spoar. Wy ferpleatse Een trein later nei de moanne novimber. Hâld ús Facebookside – www.facebook.com/treinlater – goed yn de gaten foar de […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.