• 4 april 2013

    Tongersdei 4 april binne jo fan herte wolkom op in ynformele jûn mei foardrachten fan de dichters Eeltsje Hettinga en Anne Feddema yn galery Hoogenbosch. Yn it wurk fan beide dichters spilet byldzjende keunst in grutte rol. De eksposanten Jochem Hamstra en Tsjibbe Hooghiemstra binne dy jûn ek oanwêzich en noegje jo út om mei harren yn petear te gean oer harren wurk. Mear ynformaasje [...]

  • 24 maart 2013

    EELTSJE HETTINGA -  Yn Museum Belvédère is op dit stuit wurk te sjen fan Paula Modersohn-Becker (1876-1907), ien fan de belangrike foarrinders fan it Dútske ekspresjonisme, sa’t dat begjin 1900 gesicht en foarm krige. Modersohn-Becker wenne en wurke yn Worpswede, de keunstnerskoloanje, súd fan Bremen, dêr’t ûnder oaren ek de dichter Rainer Maria Rilke yn de winter en maitiid fan 1900 in skoftlang omhúsmanne. Hy skreau nei [...]

  • 2 maart 2013

    ABE DE VRIES -    OP 'E TONGE FAN IT LÂN Op de tonge fan it lân lêst in man de krante, de siden iepenslein, as soe er op flerken. Let is it ljocht yn it uterste fan Tiid, de see, seegrien, mei tankers en seilen oer Cape Cod. Under de spotslach fan weach en ivichheid seit healwei de floedmerk in hantwizer ‘Fjoer’. Allyk brieven [...]

  • 4 februari 2013

    Fan de poëzybondel IKADER fan Eeltsje Hettinga binne yn trije moanne tiid mear as de helte ferkocht. Ofrûne wike gong it 160-ste eksimplaar de doar út. Fan de bondel, útjûn troch de stichting Gerben Rypma, waarden 250 stiks printe. De grutste haal die de útjouwer by de presintaasje fan it IKADER-boek, ein oktober yn Blauhûs-Parregea doe’t yn ien klap in lytse santich bondels ferkocht waarden. [...]

  • 16 november 2012

    Sneon 24 novimber set galery en keunsthannel De Vries oan De Turfmerk yn Ljouwert de doarren iepen foar in grutte jubileumútstalling. De galery bestiet dizze moanne tweintich jier. By dizze nije eksposysje komt ûnder mear it wurk 'Hynder' fanSjoerd de Vries yn de ferkeap. De tekening (mingde technyk op papier) waard spesjaal makke foar de koartby ferskynde poëzijbondel IKADER fan Eeltsje Hettinga. Hettinga sels jout by [...]

  • 12 oktober 2012

    Sneon 27 oktober, middeis 16.00 oere krije de dichter-essayist Martin Reints  en de dichter-skriuwer Elmar Kuiper yn de Johannes de Dopertsjerke yn Parregea de twa earste eksimplaren oerhandige fan de poëzybondel IKADER fan Eeltsje Hettinga, útjûn troch de Gerben Rypma-stifting. De manifestaasje fynt plak tidens in troch de stifting organisearre literêr-kulturele kuiertocht dy't fan Blauhûs út wei, oer Greonterp, Hieslum, Arkum nei Parregea rint en [...]

  • 8 mei 2012

    De vermarkting van het Frysk-eigene Us provinsje liket fersyld rekke yn in permaninte prakkesaasje oer har identiteit. Taal, lânskip, ferline, folksaard – de vintage trademarks fan it Frysk-eigene binne hieltyd mear it spylfjild wurden fan bestjoerders, marketeers en transysjemanagers. Lykop rinnend mei in mondiale trend hat it bêste lân fan d'ierde de postmoderne oerstek makke fan nation building nei nation branding. In ferhaal hoe't Fryslân [...]

  • 11 april 2012

    Lêzerspublyk kin no stimme Sûnt fan ‘e moarn is de website www.fedde2012.nl iepensteld. It Fryske lêzerspublyk kin op dy site syn favoryt oanwize foar de Fedde Schurerpublykspriis. Yn it nijste nûmer fan algemien-kultureel opinyblêd de Moanne, dat hjoed ferskynt, is in shortlist bekendmakke fan fiif titels dêr’t út keazen wurde kin. De shortlist is opsteld troch in kommisje, dy’t Deputearre Steaten ek in advys jout [...]

  • 22 maart 2012

    EELTSJE HETTINGA - Juster, doe’t hjir in swiere frachtwein troch de strjitte dindere, dondere yn de keamer boppe in part fan de boekekast om. Dat ding hie better fêstset wurde moatten. Dat soks net bard is, is nimmen te ferwiten. Ik hie wat mear muoite dwaan moatten om de standerts goed yn de muorren te ferankerjen. Dat gie jierren oanien goed. Mar juster, doe’t hjir [...]